Buro de Vries fan 15 febrewaris 2015 11:00

* de gryp hat ús yn de greep * Yn Memoriam: Sent Gorter * Lilian Fopma, smid yn Harns * Sjouke Lousma ûnderweis yn Snits

Grypfirus grypt om 'm hinne

Al tsien wiken hearsket der in grypepidemy yn ús lân, langer as gewoanwei. En fan 'e wike waard dúdlik dat dat ek noch wol efkes oanhâlde sil. It buro gie op besite by húsdokter Adema yn Marrum.

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Sent Gorter.

Lilian Fopma

Lilian Fopma hat har heit, dy't smid yn Harns wie, opfolge. Hjoed-de-dei wurket Lilian oan de monumintale sluzen yn Harns. It Buro makke mei Lilian in kuier troch 'har stadsie'. Mei in protte leafde foar it ambacht fertelt Lilian oer har wurk.

Sjouke Lousma ûnderweis (1723)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Hy is diskear op de folkstún yn Snits.

Share this page on:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)