Buro de Vries fan 15 desimber 2019 11:00

    Buro de Vries krijt mear as 40 oeren oan audio-materiaal oer de tocht fan de Sterke Yerke III yn 1979

    Wynjewâld wol enerzjyneutraal wurde

    Yn Memoriam: Hennie Postma-Tromp

    it wikeoersjoch

    it nijsfoarum mei Aant Jelle Soepboer (FNP), Yntze de Vries (ELP Smellingerlân) en Hetty Janssen (PvdA Provinsjale Steaten)

    Unike histoaryske lûdsfragminten oer de Sterke Yerke III

    Fjouwer freonen begjinne yn 1979 oan in grut aventoer: se meitsje in seereis op in selsboud flot: de Sterke Yerke 3. Nei de Sterke Yerke 1 dêr't se mei op it Fryske wetter fearn hiene, en de Sterke Yerke 2 dêr't se mei nei Ingelân fearn wiene, kaam it echte wurk: de Sterke Yerke 3. Op 1 augustus 1979 wurde se útswaaid út Harns wei; It doel is Kurasao. Dêr soene se yn jannewaris oankomme moatte. Krekt foar dat eindoel giet it mis: yn de nacht fan 14 op 15 desimber slacht it flot op de rotsen by Bonêre. De fjouwer bemanningsleden oerlibje it en jierren letter wurdt it flot wer boppe wetter helle. It is dus hjoed eksakt 40 jier lyn dat de Sterke Yerke oan syn ein kaam.

    Ald Ljouwerter Meindert van der Meulen naam in pear wike lyn kontakt mei ús op. Hy hie op de Sterke Yerke 2 meifearn en wie goed befreone mei de fjouwer jongens dy't no de oerstek nei Kurasao meitsje soene. Hy frege him ôf oft wy fan it Buro ek belangstelling hiene foar audiomateriaal dat hy hie fan dy reis fan de Sterke Yerke 3. No, dêr hoegden wy as redaksje net sa lang oer nei te tinken: fansels! Meindert van der Meulen docht syn ferhaal.

    Wynjewâld: yn 2025 enerzjyneutraal

    Yn 2025 in enerzjyneutraal doarp wêze. Dat is it doel fan Wynjewâld. In groep doarpsbewenners is drok dwaande om dat foarinoar te krijen. Der bart fan alles en de groep hat sels de priis 'Pioniers van het platteland' fan it programma Tegenlicht fan de VPRO wûn. Se rinne mear as 10 prosint foar op omlizzende doarpen kwa enerzjyneutraliteit. Pieter de Kroon en Frans Pool binne twa leden fan WEN, de koöporaasje Wynjewâld Enerzjy Neutraal. Simone Scheffer gie mei de mannen yn petear oer it wêrom fan it inisjatyf, de doelen en ek de wjerstân tsjin in dongfergister dy't se graach hawwe wolle.

    Yn Memoriam: Hennie Postma-Tromp

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gie Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Ditkear is dat Hennie Postma-Tromp

    It wikeoersjoch

    Wat wie dit foar in wike? Hjoed in persoanlike weromblik fan Geartsje de Vries....

    It nijsfoarum mei Aant Jelle Soepboer, Hetty Janssen en Yntze de Vries

    De ûnderwerpen dêr't it foarum oer praat:
    - boereaksjes. Hoe fier kinne de boeren gean?
    wynmûnen. In âlde wynmûne waait om, boer seit dat er al jierren besiket om in oare wynmûne te krijen, mar dat it provinsjale belied dat tsjinhâldt.
    Hoe moat it no mei it Frysk op skoalle? Is it noch te rêden?
    En... De Fryske top 100, wa stiet der by de foarumleden op ien?

    11:09 - Matilde Santing - Beautiful People
    11:24 - Hein Jaap Hilarides - A Jonge Ja
    11:44 - Mavericks - Dance The Night Away
    11:55 - Miss Montreal - Een Stap Terug
    12:11 - Celine Dion - Pour Que Tu M'aimes Encore

    Programma presentator: 
    Geartsje de Vries

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)