Buro de Vries fan 15 april 2018 11:00

*De famylje Sytema hat altyd kontakt holden mei ien fan de bemanningsleden fan it delstoarte fleantúch yn de Alde Feanen yn 1942 * Programmamakker Annet Huisman oer it meitsjen fan de film "de Joadske brulloft" * Yn Memoriam: Geeske Schaafsma * It wike-oersjoch * CDA steatelid Rendert Algra, syn VVD kollega Durk Pool en sjoernalist Atze Jan de Vries fan de Ljouwerter krante yn it nijsfoarum *

"Ik kin it lûd fan dy fleantugen sa werom helje"

  • Famylje Sytema fertelt har ferhaal oer de Lancaster dy't yn 1942 delkaam yn de Alde Feanen

Sneintemiddei 15 april 2018 sil yn de Alde Feanen in monumint ûntbleate wurde ta neitins oan de bemanning fan de Lancaster dy't dêr yn 1942 delkaam. By de útnûge minsken binne Marten en Wipkje Sytema fan Warten . Yn 1987 kamen sy yn kontakt mei ien fan de bemanningsleden, Eric Booth. 

Programmamakker Annet Huisman wurke in jier oan "De Joadske Brulloft"

  • Annet Huisman oer "de Joadske brulloft"

De bern fan de Joadske Barend Boers en Mimi Dwinger fine nei de dea fan harren âlden in koffer dêr't in unike, folslein goed bleaune film oer de brulloft fan harren âlden yn sit. Fierder fine se dokuminten, brieven en foto's fan de brulloftgasten: freonen en famylje dy't se noait kend hawwe, omdat se fermoarde binne yn de gaskeamers. Barend en Mimi wisten te flechten foar de oarloch troch rinnend nei Spanje te gean. Programmamakker Annet Huisman makke mei de bern fan Barend en Mimi dyselde tocht: rinne troch Frankryk en dan de Pyreneeën oer. Hoe is it om sa ticht mei in kamera op minsken te sitten dy't in emosjonele tocht meitsje? Hoe krije jo de minsken sa fier dat se iepen fertelle oer wat se fiele, wat se meimeitsje? Annet fertelt oer it jier dat se mei dizze bysûndere dokumintêre oan it filmjen wie. 

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

  • YM Geeske Schaafsma

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Geeske Schaafsma. 

It wike-oersjoch

  • It wike-oersjoch

In oersjoch fan it nijs fan de ôfrûne wike, makke troch presintator Simone Scheffer.

It nijsfoarum mei Rendert Algra, Durk Pool en Atze Jan de Vries

  • It nijsfoarum

De steateleden Rendert Algra (CDA), Durk Pool (VVD) en sjoernalist Atze Jan de Vries fan de Ljouwerter krante, diskusearje oer saken dy't de ôfrûne wike spilen: de spanningen tusken Ruslân en Amearika, wol of net fan facebook ôf en de bou fan it nije Cambuurstadion.

11:10 - Lionel Richie - My Destiny
11:27 - Macklemore & Rudimental Ft. Jess Glynne - These Days
12:08 - Christopher Cross - Sailing
12:16 - Joel Sarakula - In Trouble

Programma presentator: 
Simone Scheffer

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)