Buro de Vries fan 14 oktober 2018 11:00

    * boer Jaring Brunia fan Flânsum is in boer mei in missy * Klaas Sietse Spoelstra 25ste op de list fan meast duorsume Nederlanders * Yn Memoriam: Luigi Bulsing * it wikeoersjoch * it nijsfoarum mei Otto van der Galiën, boargemaster Gerben Gerbrandy fan Achtkarspelen en sjoernaliste Irene Overduin

    In boer mei in missy

    Der wurdt yn ús lân mear molke produsearre as ea. Dat past perfekt yn it byld fan hieltyd mear ynvestearje, effisjinter wurkje en skerp bedriuwsmjittich buorkje. Wa't wat wol, sil mei moatte. Alteast, dat tinke we. Biologysk boer Jaring Brunia fan Flânsum fynt dat it ek oars kin en sels oars moat. It bewiis leveret er op syn eigen buorkerij en syn ferhaal draacht er ek graach út. Syn missy is der ien fan de takomst: werom nei sa't it allegear bedoeld wie. Kommende woansdei, 17 oktober fertelt er oer syn fisy yn it Garnalefabrykje yn Moddergat. 

    Wat is dat foar in man, dy't jonge idealistyske boer dêr ûnder Raerd? It Buro wie benijd en luts de learzens oan....

    Klaas Sietse Spoelstra: nr 25 fan de 'Duorsume 100'

    Klaas Sietse Spoelstra is de heechste Fries yn de Trouw Duurzame 100. Hy stiet op nûmer 25 yn de list dy't it deiblêd Trouw no al foar de 10e kear alle jierren publisearret. Op de list stean de 100 meast ynfloedrike en ynspirearende tinkers en doggers. Twa oare Friezen op dy list: Bouwe de Boer fan Akkrum en biolooch Theunis Piersma fan Gaast. Spoelstra is de man achter Kening fan de Greide, en hy sit ek yn de lokale enerzjy, de natuer-ynklusive lânbou en mear. 

    Yn Memoriam: Luigi Bulsing

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Luigi Bulsing.

    it wikeoersjoch

    In persoanlik oersjoch fan it nijs fan de ôfrûne wike

    It nijsfoarum mei Otto van der Galiën, Gerben Gerbrandy en Irene Overduin

    Yn it nijsfoarum wurdt wiidweidich praat oer it proses tsjin 35 aksjefierders dy't ferline jier in bus mei Anty-Swarte Pyt demonstranten tsjinholden. Sjoernaliste Irene Overduin fan de Ljouwerter Krante, boargemaster Gerben Gerbrandy fan Achtkarspelen en riedslid Otto van der Galiën geane yn diskusje. Oare saken dy't op it aljemint komme binne: de 4-daagse skoalwike troch it leararetekoart en wat dogge we mei 1,9 miljard no't dat net nei de ôfskaffing fan de dividintbelesting giet.

    11:11 - Bob Geldof - The Great Song Of Indifference
    11:30 - Culture Club - Karma Chameleon
    11:46 - Piter's Protters - Best Genoch
    12:09 - Kid Creole & The Coconuts - Annie I'm Not Your Daddie
    12:17 - Beukema - Jaren In De Mist

    Programma presentator: 
    Geartsje de Vries

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)