Buro de Vries fan 14 maaie 2017 11:00

    * Fûgels yn de Warkumer Waard * 'De Gelasterde Onschuld' in skiednis yn Eastermar * YM Jaring Wassenaar fan Boalsert * Nijsfoarum mei Douwe Beimin, Hans Wildeboer en Stella van Gent.

    Presintaasje: Simone Scheffer.

    Fûgels yn de Warkumer Waard

    • Fûgels yn de Warkumer Waard

    It wie fan 'e wike nasjonale fûgelwike. En dêrom waarden der yn allerhande Fryske natuergebieten ekskurzjes organisearre. It Buro hie dêr wol nocht oan en melde har oan foar in jûnsekskurzje yn de Warkumer Waard ûnder lieding fan 'vogelaar' Marten Wesselius.
    Der binne folle faker ekskurzjes yn de natuer, sjoch foar in oersjoch op de sites fan dy organisaasjes, lykas IVN, Natuermonumenten, Steatsboskbehear en it Fryske Gea.

    YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    • YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Jaring Wassenaar fan Boalsert.

    "De Gelasterde Onschuld', de skiednis fan in bysûndere frou

    • "De Gelasterde Onschuld', de skiednis fan in bysûndere frou

    Elle Bosma is al sûnt syn 16de yntrigrearre troch in grêfstien út Eastermar. De grêfstien fan Jonkvrouw Maijke Tania Wijmstra Feenstra Roula van Radbodes. Hy dûkte it argyf yn en socht út wa't dizze frou wie. In bysûnere frou die bliken. Se neamde harsels jonkfrou omdat sy miende dat sy fan kening Redbad ôfstamme. 'De Gelasterde Onschuld' is de titel fan it boek oer Maijke Tania, in tekst dy't sy ek op har grêfstien sette litten hie. Bosma is hjoed te gast yn Buro de Vries.
    It boek is te bestellen by www.pro-book.nl/boekwinkel.

    It wykoersjoch: trochgean of net

    • It wykoersjoch: trochgean of net

    Makke troch Simone Scheffer.

    Nijsfoarum mei Douwe Beimin, Hans Wildeboer en Stella van Gent

    • Nijsfoarum mei Douwe Beimin, Hans Wildeboer en Stella van Gent
    11:08 - Eli 'paperboy' Reed - Come And Get It
    11:19 - Anneke Douma - Waldsang
    11:27 - Bob Marley & Lauryn Hill - Turn Your Lights Down Low
    11:44 - Eric Clapton - Circus
    12:10 - Shawn Mendes & Camila Cabello - I Know What You Did Last Summer
    12:16 - Keb Mo - I Was Wrong

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)