Buro de Vries fan 14 juny 2020 11:00

    * Janet Huisman is sûnt twa jier troud mei Frank út Uganda. Se wit no ek sûnt twa jier dat rassisme noch altyd spilet. Ek yn Fryslân * De Fryske sjoernalist Jan Postma wennet en wurket yn Washington. Hy beljochtet de situaasje dêr * de wyk Heechterp - Skieringen giet op de skeppe. Wat fine Ljouwert-saakkundigen dêrfan? * Yn Memoriam: Wiepie van Veen * it wikeoersjoch * it nijsfoarum mei Tieneke Clevering, Habtamu de Hoop en Tjibbe Brinkman

    Janet Huisman wit dat rassisme wol bestiet, ek hjir

    Rassisme, nee dat bestiet hjir toch net? Dat tocht Janet Huisman fan De Gerdyk altyd. De skoaljuf is sûnt twa jier troud mei de Oegandeeske Frank Mudibo. Dêrnei hat se ûnderfûn dat dat dochs wol oars sit. Ûnbewust en bewust rassisme komt mear foar as dat se earder tocht. Mei as djiptepunt in pear wike lyn. Fia de ynternetside fan de LC waard se troch ien útmakke foar dommer as oare wite minsken omdat se mei in donkere man troud is. Se die oanjefte. Mar ek lytsere ynsidenten reitsje har. Simone Scheffer gie by har op besite.

    Jan Postma, sjoernalist yn Washington

    Jes Wassenaar en Ad Fahner oer Heechterp

    De Ljouwerter wyk Heechterp, neamd nei in pleats dy't der eartiids stie, giet op 'e skeppe. 24 flats mei hûnderten wenningen wurde sloopt om plak te meitsjen foar nijbou en in protte grien. De flats binne oan ein, en de wyk hat al jierren in minne útstrieling. Mei dizze plannen soene al dy problemen yn ien kear oplost wurde moatte. Mei de echte Ljouwert-kenners Jes Wassenaar en Ad Fahner helle René Koster in Frisse Noas yn de wyk....

    Yn Memoriam: Wiepie van Veen

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gie Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries of Friezinne. Ditkear is dat Wiepie van Veen

    it wikeoersjoch

    In persoanlik oersjoch fan de ôfrûne wike troch Geartsje de Vries

    It nijsfoarum mei Tieneke Clevering, Habtamu de Hoop en Tjibbe Brinkman

    De foarumleden besprekke it nijs fan de ôfrûne wike.

    De Black Lives Matter demonstraasjes, ek yn Ljouwert

    Stânbylden dy't fernield wurde

    it debat yn de Amsterdamske gemeenteried

    De coronaspoedwet

    Jongeren prate mei oer it belied

    11:08 - Van Morrison - Hey Mr. Dj
    11:35 - Van Wieren & Yvonne Bleize - Ien


    12:09 - Celine Dion - Pour Que Tu M'aimes Encore
    12:17 - Annemaaike Bakker & Jan Tekstra - Soe Ik Ea Ferjitte

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)