Buro de Vries fan 14 july 2019 11:00

    Buro de Vries live yn Haulerwyk!

    Buro de Vries is fan 't simmer alle wiken twa oeren te gast yn in Frysk doarp. Wat is it karakter fan it doarp? Wat is der allegear te rêden? Hokfoar nijsgjirrige minsken wenje der? Ditkear is de bestimming Haulerwyk!

    We prate oer it projekt 'Het betrokken dorp' en 'Young Leaders' wêryn't socht wurdt nei in oplossing foar de oerlêst fan groepen jongeren, sjogge yn de doapstún en it eigen iepenloftswimbad, komme yn petear mei markante doarpsbewenners en slute ôf mei doarpstrûbadoer Jaap Louwes. Dat en mear tusken 11 en 13 oere fan it terras ôf fan De Koperen Pomp.

    Swimbad Haulewelle

    Haulerwyk hat in eigen swimbad: Haulewelle. It draait foar it grutste part op frijwilligers en is folslein gasfrij. Hoe dogge se dat?

    Wa leit dêr?

    Yn alle doarpen dêr't we te gast binne sjogge we ek efkes op it hôf, op syk nei ferhalen oer bysûndere minsken. Yn Haulerwyk fertelt Wiepie Boonstra oer de earste dokter fan it doarp.

    Projekt Young Leaders

    In soad Fryske doarpen ha te krijen mei groepkes jongeren dy't foar oerlêst soargje. Yn Haulerwyk wurdt wurke mei it projekt 'Young Leaders' om dêr wat oan te dwaan. De teory is prima, mar oft it yn de praktyk wurket...

    Transportbedriuw Boonstra

    Transportbedriuw Boonstra is mei 160 meiwurkers ien fan de grutste wurkjouwers yn it doarp. Doel fan it bedriuw is om foarop te rinnen yn de branche: se ha al in elektryske frachtwein en ferwachtsje ek it nedige fan selsridende techniken, fertelt Willem Boonstra.

    11:08 - Gipsy Kings - Volare
    11:36 - Danny Vera - Roller Coaster


    12:08 - Raffaella Carra - A Far L'amore Comincia Tu
    12:24 - Ed Sheeran Feat. Khalid - Beautiful People
    Programma presentator: 
    Geartsje de Vries

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)