Buro de Vries fan 14 jannewaris 2018 11:00

* Derek rint syn lêste koers * In dik boekwurk oer Burgum fan Klaas Henstra * YM Doetsje Tsjitske van der Molen * Oersjoch fan de wike * Nijsfoarum mei Trienke Elshof, Sape Jan Terpstra en Jan Willem Tuininga * Presintaasje: René Koster.

Lêste koers foar Derek

  • Us Derek

Yn 2010 kocht de sportredaksje fan Omrop Fryslân in draver, Derek Buitenzorg. It ienjierrige bistje waard sa rêden fan de slacht. Derek krige in eigen soap yn it TV-programma Boppeslach. Freed 19 jannewaris sil Derek syn lêste koers drave. In weromblik mei minsken fan de earste oere. 

Gast: Klaas Henstra oer syn boek oer Burgum

  • Klaas Henstra oer syn boek oer Burgum

Klaas Henstra oer syn boek oer Burgum: it ûntstean, de bewenners en it lânskip. In moai boekwurk fan 350 siden mei nije feiten, net eardere publisearre foto's en ferhalen oer bysûndere minsken.

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

  • YM Doetie van der Molen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Doetsje (Doetie) Tsjitske van der Molen. 

Oersjoch fan de wike

  • Oersjoch fan de wike

Makke troch René Koster. 

Nijsfoarum mei Trienke Elshof, Sape Jan Terpstra en Jan Willem Tuininga

  • Nijsfoarum 14 jannewaris 2018

11:09 - Nick Kamen - I Promised Myself
11:27 - Portugal The Man - Feel It Still
11:42 - De Kast - Ik Ha Dy Leaf
11:54 - Pearl Jam - Just Breathe
12:06 - Michael Jackson - Human Nature
12:14 - James Arthur - Naked

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)