Buro de Vries fan 14 febrewaris 2021 11:00

    Yn Buro de Vries omtinken foar doarpskafees en polityk.
    We giene mei Wio Joustra by in pear doarpskafees del. Hy skreau in boek oer de kafees yn de doarpen. En in petear tusken Habtamu de Hoop, kandidaat foar de Twadde Keamer foar de PvdA en Amon dos Santos, muzikant en teloarsteld yn de polityk. Komme de jonge mannen by mekoar troch in petear?
    Yn it nijsfoarum te gast Caroline de Groot. Se is riedslid foar de Partij voor de Dieren en stiet nûmer 29 op de list foar de Twadde Keamer. Erwin Jousma is steatelid foar Forum voor Democratie en nûmer 21 op de list foar de Twadde Keamer. En fêst foarumlid Tineke Clevering fan de wetterskipspartij Water Natuurlijk.

    "It kafee is de siel fan it doarp"

    Fryslân telt noch sa'n fjouwerhûndert doarpskafees. In 20 prosint minder as earder, mar de kealslach is folle minder as bygelyks yn Grinslân. Fotograaf Anna Huizinga lei twaëntweintich doarpskafees fêst yn meardere foto's en sjoernalist Wio Joustra skreau der ferhalen by. It risseltaat is in boek: "Van Spanga tot Moddergat. Het café als ziel van het Friese dorp" dat útjûn is by útjouwerij Wijdemeer en kommende wike te keap komt.It Buro makke mei Wio Joustra en Anna Huizinga in kroegetocht by trije fan dy kafees del.

    Petear oer polityk tusken Habtamu de Hoop(PvdA) en Amon dos Santos(teloarsteld yn de polityk)

    Habtamu de Hoop stiet op nûmer 9 foar de Twadde Keamer foar de PvdA en leaut yn de politike krêft. Amon dos Santos is muzikant en teloarsteld yn benammen de linkse polityk. De coronamaatregels fynt hy net okee en dat linkse polityk dêr mei ynstimt kin hy net begripe. De twa jonge manlju gean yn petear. Komme se dêrtroch tichter by mekoar?

    It nijsfoarum 14 febrewaris

    Erwin Jousma, Tineke Clevering en Caroline de Groot oer de ôfrûne wike

    It wike-oersjoch

    11:06 - Ruben Hein - Fool By Morning
    12:08 - Timeless - Where Is The Love

    Programma presentator: 
    Simone Scheffer

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (Advertinsje)