Buro de Vries fan 14 april 2019 11:00

    * It gigantyske argyf fan Jack Kooistra, de Fryske Simon Wiesenthal, moat digitalisearre wurde;
    * Geert Postma en Kees Wiersma oer in skipbrek yn 1960;
    * It Nijsfoarum mei Harry van der Molen, Tieneke Clevering en Riemer van der Velde;
    * Yn Memoriam: Cor Waringa sjocht werom op it libben fan Mien Knol.

    Gigantysk argyf fan Jack Kooistra moat digitalisearre wurde

    Jack Kooistra wie noch mar in jonkje doe't de oarloch útbruts. Fan it begjin ôf hat er foar himsels de nammen en oare bysûnderheden opskreaun fan minsken dy't troch de oarloch om it libben kamen. Dan giet it om minsken út it ferset, om Joaden en ek om 'gewoane' minsken dy't troch de Dútske besetter ombrocht waarden.Ek nei de oarloch is Kooistra fierder gien mei it sammeljen fan nammen en oare gegevens. Hy skreau it op kaartsjes en syn argyf groeide en groeide en beslacht no, yn 2019, hast 180.000 kaartsjes. De mei de hân skreaune kaartsjes sitte yn koffers dy't op syn souder stean. Hy is no 89 jier en noch altyd alle dagen dwaande mei it sykjen nei gegevens. In groepke fan fjouwer manlju is op dit stuit dwaande alle kaarten fan slachtoffers te digitalisearjen. It doel is dat de kaartsjes allegear op de foto set wurde, sadat it argyf feilich steld wurdt. Fierder wurdt de ynformaasje op de kaartsjes op in website publisearre: www.wo2slachtoffers.nl. Fan de fjouwer manlju binne der trije by ús op it Buro om te praten oer dat muontsewurk: 180.000 kaartsjes digitalisearje. Jack Kooistra sels, Gjalt Wijmenga en Pieter Jan Rottiné.

    Skipbrek yn 1960: Geert Postma en Kees Wiersma kinne der smout oer fertelle

    Metershege weagen sloegen oer it lytse sloepke dêr't Geert Postma en Kees Wiersma yn sieten nei't harren skip de Engonia slachside makke hie. Mei noch acht oare matroazen slagge it harren om 12 oeren lang yn in swiere stoarm mei hagelbuien en tonger te oerlibjen. Se wiene dweiltrochwiet en ûnderkuolle doe't in Frânske fiskersboat harren oppikte. 

    Febrewaris 1960, hast 60 jier lyn, makken Geert Postma en Kees Wiersma de meast eangstige nacht fan har libben mei.

    Yn Memoriam: Mien Knol

    Yn Memoriam fiert it libben. Elts libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Mien Knol-Knol.

    It oersjoch fan de wike

    It peroanlike oersjoch fan de wike, ditkear makke troch René Koster.

    It Nijsfoarum

    It Nijsfoarum besprekt it nijs út Fryslân en de rest fan de wrâld. Ditkear mei

    - Harry van der Molen, CDA-Twadde Keamerlid;

    - Tieneke Clevering, lobyiste en bestjoerder Wetterskip Frysân; en

    - Riemer van der Velde, ûndernimmer en âld-foarsitter SC Hearrenrean.

    11:07 - James Taylor - Whenever You're Ready
    11:23 - Wulf & Miss Montreal - Scared Of Love
    11:42 - Adele - Water Under The Bridge
    11:53 - Simply Red - Stars
    12:08 - Freiheit - Play It Cool
    12:17 - Andy Burrows & Matt Haig - Barcelona

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)