Buro de Vries fan 14 april 2013

Dizze wike seach Buro de Vries by in repetysje fan Blow Up, de musical fan MUZT. It nijsfoarum is fan de partij en fansels de fêste rubriken.

Hoantsen trekke om Fryslân hinne

Troch de lege temperatueren en de droegte seagen noch net folle hoantsen, kemphanen, yn Fryslân. Soenen se ús provisnje noch oandwaan of fleane se nei oare streken dêr't it wieter is. We namen kontakt op mei Jos Hooijmeijer, hij is ferbûn oan de ôfdieling 'dierecologie' fan de Ryksuniversiteit yn Grins. Hij sei: "Kom mar even nei't Heidenskip, dêr sitte de minsken dy't it ûndersyk nei de hoants dogge".

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Pieter Cnossen.

Musicaloplieding MUZT

Dit wykein is yn Theater Sneek de musical 'Blow Up' te sjen. In fleurige stik mei petticoats en sûkerspinnen, mar oer in serieus ûnderwerp: yntegraasje fan swart en wyt yn de jierren '60. It is de fiifde útfiering fan musicaloplieding MUZT. In oplieding dy't yn 2007 útein sette mei sa'n 20 jongeren en yntusken groeid is nei 65 learlingen tusken de 12 en 18 jier. de jongens en famkes komme út hiel Fryslân. Ferline wike seagen we by ien fan de lêste repeytsjes fan Blow Up.
Mei inisjatyfnimster Iréne Martin sjogge wy werom op de ôfrûne seis jier en hearre wy wat har fierdere plannen binne mei de oplieding.
http://www.cvksneek.nl/actueel/nieuws/blow-up-de-musical
http://www.cvksneek.nl/muzt

Underweis (1661)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Hjoed is hy yn Berltsum. De keatsferiening fiert fan 't simmer har 125-jierrich bestean, en se binne drok dwaande mei de tariedings. Sjouke krijt in rûnlieding yn de kantine en materiaalhokken. http://www.125jierkeatsenynberltsum.nl/index/

Kollum

De wyklikse kollum komt dizze snein fan Bert Looper, direkteur fan Tresoar yn Ljouwert.

'Nijsfoarum'

Ien kear yn 'e moanne noeget it Buro in tal gasten út om oer it nijs fan de ôfrûne wiken te praten.

Minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsje fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Motorman.
http://www.nykdev.nl/

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)