Buro de Vries fan 13 septimber 2020 11:00

    * Fitness-ynstruktrise Lotte Risselada (dy jonge Dokkumse dy't sa graach bij de plysje wol) is studiogast.
    * Klaas Laansma: "Ik bin Waad-ferslaafd" (2010)
    * "Earmoed, sop-útdieling en giele rizenbrij" (2014)

    Studiogast: Lotte Risselada

    Fan 't simmer wie se yn ienen oeral yn it nijs: Lotte Risselada (23) fan Dokkum. Fia in filmke spruts se minister Grapperhaus oan dat se sa graach by de plysje wol. Har filmke waard in hit op ynternet, de minister reagearre der persoanlik op en ek de oare media wisten Lotte goed te finen. Hoe is 't no mei har? Wiene der mear reaksjes en sit der beweging yn de sollisitaasje? Se is snein fan tolven oant ienen studiogast by it Buro en fertelt der alles oer. En oer har sels, har work-outs op telefyzje, har rol yn musical Titus Brandsma, har backpack-reis nei Tailân en Kambodja en hoe't se de takomst sjocht.

    11:14 - Shara Nelson - One Goodbye In Ten
    11:45 - Sido Martens - Mirakels
    11:51 - Wet Wet Wet - Love Is All Around

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)