Buro de Vries fan 13 oktober 2013

In dilemma op It Amelân, ôfskie fan De Wiko's, Sjouke Lousma 'ûnderweis' en it Nijsfoarum. Dat en mear yn dizze ôflevering fan Buro de Vries.
Op- en/of oanmerkings? We hearre se graach. Mail nei burodevries@omropfryslan.nl. Ek foar tips!

Dilemma op It Amelân

It Amelân wol yn 2020 CO2-neutraal wêze. Der leit no in plan om it grutste sinnepark fan Nederlân op It Amelân te bouwen. 10 hektare grut, likernôch 15 fuotbalfjilden. It moat komme by it fleanfjild, oan de westkant fan It Amelân. In gebiet mei meast greide. Wat betsjut sa'n grut fjild sinnepanielen foar de natoer dêr?
Piet IJnsen is foarsitter fan de agraryske natoerferiening Waddenvogels en sit foar Algemeen Belang Ameland yn de gemeenteried. Yme Brijker is foarsitter fan de fûgelwacht op West-Amelân en is ambassadeur fan de Amelander Energie Coöperatie. Beide manlju rinne tsjin it dilemma oan: Greidefûgels of sinnepanielen.

Ym: radiodokumint foar ûnbekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Fimke Kleefstra.

Ofskie fan De Wiko's

De Wiko's, it stimmingsorkest fan Fryslân, nimt nei 45 jier ôfskie mei in folslein útferkocht konsert yn Schatzenburg by Menaam. Op 20 oktober stiet Kobus Algra foar it lêst op it poadium. Syn sykte twingt him op te hâlden mei syn grutte hobby. Jierrenlang kleure syn aginda swart fan de boekings en oeral waard it grut feest. Hoe sjocht Algra werom op de folle sealen mei de Wiko's? Buro de Vries socht him op op syn pleats oan in dearinnende dyk ûnder Menaam.

Sjouke Lousma ûnderweis (1674)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Fan 'e moarn is hy op 'e strún tusken Littens en Hinnaard.

De miening fan...Bert Looper

De kollum is in fêst ûnderdiel fan Buro de Vries. Hjoed fersoarge troch Bert Looper, direkteur fan Tresoar yn Ljouwert.
www.tresoar.nl

Nijsfoarum

Ien kear yn 'e moanne komt it nijsfoarum del. Hjoed mei Saakje Mulder (direkteur Sport Fryslân), Klaas Sietse Spoelstra (feroaringsmanager) en Jan Koster (direkteur Omrop Fryslân).

De minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsje fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Broer Auke.
http://www.nykdev.nl/

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)