Buro de Vries fan 13 maaie 2018 11:00

* Op syk nei de wolf * Hiske Oosterwijk sjongt Fryske teksten op Russyske muzyk * YM Cor Veenstra * Oersjoch fan de wike * Nijsfoarum mei Harry van der Molen, Ultsje Hopser en Stella van Gent *

Presintaasje: René Koster

Op syk nei de wolf

  • Op syk nei de wolf

Mids april kaam der in melding fan in wolf yn de omkriten fan Appelskea. By Boyl wiene skiep deabiten. Nei meldingen yn Grinslân, Drinte, Oerisel, Utrecht en Limburch liket it derop dat de wolf no ek Fryslân berikt hat. It giet oant no ta allinne noch om solitêre wolven; der binne noch gjin roedels yn Nederlân. It is fansels tige nijsgjirrich om wat mear te witten oer de wolf. Dêrom makke Buro de Vries in ôfspraak mei Roel Vriesema fan steatsboskbehear en gie op syk nei de wolf.

Hiske Oosterwijk sjongt Gysbert op Russyske muzyk

  • Hiske Oosterwijk sjongt Gysbert op Russyske muzyk

Har beppe song Gysbert, har heit song Gysbert en no songt se sels ek teksten fan Gysbert Japiks. Hiske Oosterwijk is jazz-sjongeres. Foar har master wie se op syk nei wat unyks. Se sette twa Fryske teksten fan Gysbert Japiks op nije muzyk. Oar nij wurk fan har is ynspirearre op teksten fan Gysbert en hat eleminten fan Russyske folkmuzyk. In bysûnder kombinaasje. Oan de keukentafel yn Mantgum fertelle heit en dochter oer dit bysûndere projekt. Mar earst efkes werom yn de tiid, de tiid fan skoalradio. Want dêr begûn Hiske har sjongkarriêre. Jaap Oosterwijk makke ferskillende skoalradio-programma's en Hiske mocht dan de ferskes ynsjonge.

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

  • YM Cor Veenstra

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Cor Veenstra fan Bitgum.

Oersjoch fan de wike

  • Oersjoch fan de wike

Makke troch René Koster.

Nijsfoarum mei Harry van der Molen, Ultsje Hosper en Stella van Gent.

  • Nijsfoarum mei Harry van der Molen, Ultsje Hosper en Stella van Gent.

Harry van der Molen - CDA twadde keamerlid

Ultsje Hosper - earder direkteur Fryske Gea, FNP

Stella van Gent - PvdA Súdwest Fryslân

11:07 - George Ezra - Budapest
11:25 - Blof & Geike Arnaert - Zoutelande
11:43 - Brandewyn - Boogy Woogy Myntsje
11:53 - Chef Special - Try Again
12:07 - Tina Turner - The Best
12:16 - Vinchenzo - Headphone

Programma presentator: 
René Koster

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)