Buro de Vries fan 13 jannewaris 2019 11:00

    Is der yn Fryslân plak foar de bever? * neiprate oer de gefolgen fan de kontenerramp mei Tjisse van der Heide en Lutz Jacobi * Yn Memoriam: master Tsjerk Woudstra * it wikeoersjoch * it nijsfoarum mei Houkje Rijpstra, Otto van der Galiën en Arjen Mintjes

    Hoe no fierder mei de beskerming fan it Waad?

    By har besite oan Skylge ferline wike sei minister Van Nieuwenhuizen dat de kontenerramp "een ecologische ramp zou kunnen worden." Hoe sjogge Tjisse van der Heide en Lutz Jacobi der nei? Wittenskipper Van der Heide docht ûndersyk nei de ekologyske gefolgen fan de kontenerramp op de Waadsee. Lutz Jacobi is direkteur fan de Waadferiening.

    Neffens Lutz Jacobi kin no al wol fan in ramp sprutsen wurde. Van der Heide doart dat noch net te sizzen: 

     "We moatte de lange termyn ôfwachtsje. No lizze de strannen en kustlinen fol mei it saneamde HDPE-plestik, dat is lyts plestik. As dat yn it systeem komt, kin dat grutte gefolgen ha. Ik bin wol skrokken dat it op sa'n grutte skaal is." 

    In petear oer de gefolgen fan de kontenerramp.

    Is der plak foar de bever yn Fryslân?

    Op it stuit is fan twa bevers bekend dat se tahâlde yn Fryslân. Ien oan de noardlike Iselmarkust en ien by de Tsjûkemar. Benamme by de Tsjûkemar bin de omstannichheden foar de bever ideaal. Dat fynt 'er sels ek, want hy hat der sels al in burcht bouwd. Mar hy (of sy, dat is by bevers dreech fêst te stellen) siket noch ferkearing. En dat is yn de trije jier dat 'er hjir is, noch net slagge. Werom eins net? En is it miskien mar better ek dat bevers hjir kwalik foar komme, fanwege de skea dy't se oanrjochtsje kinne? It Buro wie benijd en luts de learzen oan om op 'n paad te gean mei Harrie Bosma fan de sûchbistewurkgroep Fryslân....

    Yn Memoriam: master Tsjerk Woudstra

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat 'master' Tsjerk Woudstra.

    it wikeoersjoch

    In persoanlik oersjoch fan de ôfrûne wike.

    it nijsfoarum mei Houkje Rijpstra, Otto van der Galiën en Arjen Mintjes

    It nijsfoarum praat oer it nijs fan de ôfrûne wike. Sa wurdt der fansels noch efkes neipraten oer de kontenerramp. En de nashvilleferklearring komt ek op it kleed. Wat fine de foarumleden dêr no fan? Otto van der Galiën wie SGP-er foardat er syn eigen partij begûn. Stipet hy de ferklearring? En wat fine de foarumleden eins fan de reinbôgeflagge dy't troch in pear partijen yn de steaten hise is by it provinsjehûs. Soe dy net gewoan op it dak fan it provinsjehûs stean moatte? Hoe sjogge de foarumleden oan tsjin minister presidint Rutte dy't sei dat er it leafst persoanlik de relskoppers fan âld en nij ynmekoar slaan woe....

    11:07 - Chieftains - Down The Old Plank Road
    11:29 - Piter Wilkens - De Kening Fan De Greide
    11:45 - Swing Out Sister - Am I The Same Girl
    12:07 - Toontje Lager - Zoveel Te Doen
    12:17 - Eddy Dykstra & Sons - Sa Goed Sa Best

    Programma presentator: 
    Geartsje de Vries

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)