Buro de Vries fan 13 augustus 2017 11:00

11:00 - 12:00 oere: Peareltsjes út it argyf mei dizze snein: 'Hoe sille pauguozzen earder fuortgean', 'It paranormale moat út de "enge sfear" weihelle wurde' en 'Lústerje nei dyn lichem'.
12:00 -13:00 oere: Ferhalen fan it Waad.
Buro de Vries wurdt jûns werhelle tusken 21:00 en 23:00 oere. De "Ferhalen fan it Waad' binne ek as podcast werom te finen op dizze side. Sjoch ûnder it kopke RADIO.

Waadferhalen Moddergat

  • Waadferhalen Moddergat

Bysûndere ferhalen oan de Fryske waadkust, dy sykje we fan 't simmer yn Buro de Vries. Yn Moddergat treffe we in tal nijsgjirrige minsken, lykas aktrise Anke Bijlsma, dy't as programmeur in kultureel sintrum yn it doarp runt. Mar ek Willem Meinsma, dy't de skiednis fan Peazens-Moddergat beskreau, in Amsterdamske kameraman dy't de wrâld oer reizge mar hjir de rêst fynt, mar ek twa jonge froulju dy't ferantwurdlik bin foar 6.000 (!) skiep dy't no benamme op 'e seedyk rinne. Keunstner Gerrit Breteler sjongt op dy dyk a capella in earbetoan oan de fiskerman en we treffe in boer dy't him net thús fielt yn dizze tiid en útsjocht nei de Maranatha: de 'wederkomst' fan Kristus.

Hoe sille pauguozzen earder fuort gean?

  • Hoe sille pauguozzen earder fuort gean?

'Pauguozzen moatte earder werom nei de poalsirkel'. Dat wie de kop boppe in nijsartikel ein jannewaris. Der oerwinterje yn Fryslân in soad pauguozzen - yn it Nederlâns brandganzen. Se frette it boerelân keal. Yn de winter is dat net sa'n probleem, mar yn de maitiid wol. Want dan wolle de boeren dat gers sels fan it lân ôfhelje en brûke.
En dus moatte de pauguozzen earder werom nei de poalsirkel, dêr't se briede en jongen krije. Mar ja, hoe dogge je dat? It Buro wie dêr nijsgjirrich nei en gie mei Melle Pieter Prins, foarsitter fan de guozzekrite yn Dongeradiel, yn de buert fan Ie op syk nei de pauguozzen. (in reportaazje fan begjin febrewarris dit jier)

It paranormale moat út de "enge sfear" weihelle wurde

  • It paranormale moat út de "enge sfear" weihelle wurde

It is betiden in striid. It libben. Wa bin ik, wêrom doch ik wat ik doch en wat binne myn tûkelteammen. Hast elkenien hat wolris fan dy gedachten. Hoe wurdt bepaald wa't je binne. Binne it je jeugdherinneringen, trauma's of belibbenissen? Dat kin. Mar der binne ek minsken dy't tinke dat je erfaringen út foarige libbens fan ynfloed binne op wa't je no binne. Dat der mear is as ien libben en mear tusken himel en ierde. Karin Spijkerman út Koudum is transpersoonlik terapeute. Sy giet as je dat wolle werom nei jeugd en eardere libbens. Se is medium en fynt dat it paranormale mear út de "enge sfear" weihelle wurde moat. Yn jannewaris is har twadde berneboek útkaam. "Als een vlinder weggevlogen". It giet oer paranormale saken.

"Lusterje nei dyn lichem!"

  • "Lusterje nei dyn lichem!"

Harmke van der Werf fan Dearsum wie sa'n famke dêr't de enerzjy fan ôfspatte. Se koe alles oan. Harmke stie foar de klas, fuotballe, wie sportmasseur, en die der ek noch in studjze neist. Mar dêr kaam oardel jier lyn in ein oan. Yn oktober 2015 is se yn Afrika, mei ûnder oare it doel de Kilimanjaro te beklimmen. In berch fan 5895 meter heech. Se wit fan it gefaar fan hichtesykte, mar as har lichem har warskôget, lústeret se net. (Dizze reportaazje is earder útstjoerd op 9 april)

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)