Buro de Vries fan 12 novimber 2017 11:00

    Janny van der Molen fynt dat psychology in plak ha moat yn it fuortset ûnderwiis * Gemeenteriedsferkiezingen: Nije partijen yn Ljouwert en Súdwest-Fryslân * YM Hindrik Sybren Hindriks * Nijsfoarum mei Harry van der Molen, Retze van der Honing en Harrie Graansma. Presintaasje: Simone Scheffer.

    Gjin psychology op de middelbiere skoalle: dát is pas gek!

    Moat psychology in fak op de middelbere skoalle wurde? Skriuwster Janny van der Molen fynt fan wol. Se skreaun it boek "Grote gevoelens - verhalen over psychologie". Dit boek wurdt 7 desimber presintearre op in debatmiddei oer dit ûnderwerp. Mear ynformaasje fine je op: https://www.ploegsma.nl/nieuws/psychologie-debat-grote-gevoelens/

    YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Hindrik Sybren Hindriks. 

    Oersjoch fan de wike

    Makke troch Simone Scheffer.

    Nijsfoarum mei Harry van der Molen, Retze van der Honing en Harrie Graansma

    CDA Twadde Keamerlid Harry van der Molen, Grien Links steatelid Retze van der Honing en PVV kollega steatelid Harrie Graansma beprate it nijs foar de ôfrûne wike.

    Nijkommers yn de gemeentepolityk

    Woansdei 22 novimber mei in grut part fan de Friezen nei de stimbus. Fanwege de gemeentlike weryndieling bin der gemeenteriedsferkiezingen yn Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Waadhoeke. Takom wike sille de besteande partijen by Buro de Vries mei-inoar yn debat; Hjoed marsjearje de seis nijkommers troch it programma.

    Nijkommer yn Ljouwert: Partij voor de Dieren

    De Partij voor de Dieren is lanlik en provinsjaal al aktyf en no dogge se foar it earst ek mei yn de gemeente Ljouwert.

    Nijkommer yn Ljouwert: Lijst 58

    Otto van der Galiën is yn de polityk in âlde bekende. Earder wie er al belutsen by de SGP en de PVV, en no is hy wetterskipsbestjoerder foar de partij 'Lagere Lasten Burger'. De 22ste novimber docht hy, mei wer in oare partij, mei yn Ljouwert: Lijst 58.

    Nijkommer yn Ljouwert: NKP

    Yn de gemeente Ljouwert docht de NKP ek foar it earst mei. Ald LPF'er Joeri Wiersma is de listlûker. 

    Nijkommer yn Ljouwert: 50Plus

    50Plus kinne we út de Twadde Keamer en de Provinsjale Steaten. No dogge se yn Ljouwert ek mei oan de gemeenteriedsferkiezingen.

    Nijkommer yn Súdwest-Fryslân: JONG

    Yn Súdwest-Fryslân dogge twa nije partijen mei oan de gemeenteriedsferkiezingen. Ien fan har is 'JONG'. 

    Nijkommer yn Súdwest-Fryslân: Partij van de Bijstand

    De oare nijkommer yn de gemeente Súdwest-Fryslân is de Partij voor de Bijstand, mei in wol hiel kleurrike listlûker. 

    11:08 - Snow Patrol - Just Say Yes
    11:22 - Portugal The Man - Feel It Still
    11:34 - Twarres - De Juste Snaar
    12:09 - O.M.D. - Forever Live And Die

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)