Buro de Vries fan 12 maaie 2019 11:00

    Johannes Wardenier: sjeny of fantast?

    Yn Memoriam: Kees de Haan

    It Nijsfoarum mei Raquel Garcia Hermida - Van der Walle, Fardau Procee en Rendert Algra

    Johannes Wardenier, sjeny of fantast...?

    It mystearje Johannes Wardenier libbet mar troch. Koartlyn ferskynde op 'e nij in boek oer him, yn Stienwyk wurdt trije kear in musical oer syn libben útfierd en der is in útstalling oer him ynrjochte.

    Wardenier soe yn 1934 in brânstofleaze motor útfûn ha. Ynternasjonaal giene de oaljeprizen ûnderút en yn Wolvegea wiene der konkrete plannen foar de bou fan in grutte fabryk. Wolvegea soe dêrmei it Eindhoven fan it noarden wurde, want yn de krisistiid soe der foar mear as tsientûzen minsken wurk komme. Koartsein, Wardenier hie wat útfûn dat de wrâld op 'e kop sette soe, de krisis oplosse en de macht fan de oaljebaronnen brekke. Mar it rûn oars...

    Dizze radiodokumintêre oer Wardenier, makke troch Sippy Tigchelaar foar Omrop Fryslân en de RVU (Radio VolksUniversiteit), waard yn 2002 bekroand mei in NL Award.

    It Nijsfoarum

    Fannewike sjocht it Nijsfoarum ûndermear nei Europa. Oer in pear wiken al bin de ferkiezingen foar it Europeeske Parlemint en yn it foarum snein dêrom twa Fryske EU-kandidaten: Fardau Procee (PvdA, nûmer 11) en Raquel Garcia Hermida- van der Walle (D66, nûmer 8). It tredde foarumlid is CDA-steatelid Rendert Algra.

    It oersjoch fan de wike...

    Wat wie dit eins foar in wike? In persoanlike weromblik fan René Koster...

    Yn Memoriam: Kees de Haan

    Yn Memoriam fiert it libben. Elts libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Kees de Haan.

    11:47 - Beach Boys - Thats Why God Made The Radio
    12:07 - One More Time - Highland
    12:16 - Dermot Kennedy - Power Over Me

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)