Buro de Vries fan 12 july 2020 11:00

    Simmergast is hjoed Bartele Boersma (27) fan Harns. Hy is riedslid foar de PvdA en al jierren aktyf foar dy partij. 

    Yn de earste oere werhelje we peareltsjes út it argyf. Sa besykje we te oerlibjen yn'e natoer, sjogge we by Weidenaars fleisbedriuw yn Dokkum en hearre we mear oer bijen.

    Simmergast Bartele Boersma

    Buro de Vries hat fan't simmer alle wiken in jonge Fries of Friezinne te gast foar in goed petear. Fansels giet it dan oer de persoan sels, oer de takomst en oer ambysjes. Bartele Boersma studearre Sociale Geografie & Planologie, seach om him hinne by it Europeesk Parlemint en it PvdA-partijburo, wie aktyf by de Jonge Socialisten en is gemeenteriedslid in Harns. In petear oer grutte idealen, stoffige partij-imago's en de takomst fan Fryslân.

    11:08 - Randy Newman - Mama Told Me Not To Come
    11:21 - Ge Reinders & Piter Wilkens - Nederland [Studio Fersy]
    12:09 - De Dijk - We Beginnen Pas
    12:30 - Wiebe Van Dijk Superband - Mooie Stad Aan Het Wad
    12:44 - Bob Dylan - The Times They Are A-Changin'
    12:56 - Peter Fox - Haus Am See

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)