Buro de Vries fan 12 jannewaris 2020 11:00

    * Hessel de Harder: de bline musikus fan Warkum;
    * 25 jier Bear Boeloe, mar hoe lang noch?
    * It oersjoch fan de wike;
    * Yn Memoriam oer it libben fan Sjoerd Groen
    * It Nijsfoarum mei Oebele Brouwer, Durk Durksz en Charda Mary Kuipers

    Hessel de Harder, de bline musikus fan Warkum

    "De blinde musicus uit Workum", dat is de titel fan de biografy dy't histoarika Marie-Anne de Harder skreau oer har heit Hessel (1915-1987). Se beskriuwt syn libben, hoe't er op syn 10e jier blyn waard en hoe't er fan syn passy foar muzyk syn berop meitsje koe. Marie-Anne de Harder set syn libben yn in breed histoarysk perspektyf wêryn ek de ûntwikkeling fan de soarch foar blinen, de tsjerkemuzyk en it oargel in foarname rol spylje. Mar fansels ûntbrekke ek har persoanlike oantinkens net yn har ferhaal.

    Bear Boeloe hâldt op nei 25 jier

    Bear Boeloe hâldt op nei 25 jier. Feije van der Meer, de man efter de bear en fertelster Leny Dijkstra fertelden dat live yn Buro de Vries.

    Helena de Boer oer har Bear Boeloe

    Helena de Boer makke mear as 800 ferhaaltsjes oer Bear Boeloe en tekene tûzenen plaatsjes mei de bear en syn maten. Se fûn it in geweldige perioade. Yn 'e begjin wiene se pioniers en moasten se in soad útfine. Dêrnei gie it makliker mar rûtine waard it nea. 

    Oersjoch fan 'e Wike

    De ôfrûne wike komt nochris foarby yn in folslein subjektyf oersjoch, ditkear gearstald troch René Koster.

    Yn Memoriam: Sjoerd Groen

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gie Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Ditkear is dat Sjoerd Groen.

    It Nijsfoarum

    Ditkear mei

    de boargemaster fan Achtkarspelen Oebele Brouwer,

    âld-FNP-wethâlder Durk Durksz en

    de fraksjefoarsitter fan GrienLinks yn de Fryske Steaten Charda Mary Kuipers.

    11:07 - Venice - Welcome To The Rest Of Your Life
    11:31 - Jaap Louwes - Earlik Sein
    12:09 - Cher - Walking In Memphis
    12:18 - Suzan & Freek - Deze Is Voor Mij

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)