Buro de Vries fan 12 jannewaris 2014, 11:00

Op- en/of oanmerkings? Of in goede tip? Lit it ús witte. Mail nei burodevries@omropfryslan.nl

"De earrebarre wurd ik net mear kwyt"

Jannewaris is de moanne fan it tellen, fûgels telle. Takom wykein de fûgels yn 'e tún, dit wykein hoopje se dat jo trochjaan wolle wêr't jo earrebarren sjogge. Fansels fine jo dy by de earrebarrestasjons fan Eagmaryp en Spangea. En ek by Beetstersweach wit jo seker dat jo súkses hawwe sille. By Earnewâld sit ek in saneamd earrebarrestasjon, of miskien better sein: siet. It Eibertshiem hat de donateurs witte litten dat se gjin finansjele stipe mear nedich hawwe. It doel is berikt. Haye Folkertsma hat fan it begjin ôf belutsen west by it stasjon.
http://www.ooievaars.nl/

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Minke Galama-Zeinstra fan Reduzum.

'De mysterieuze zang van de stilte'

It Gregoriaansk is al ieuwen âld, mar wurdt noch altyd songen. Sterker noch, in soad minsken fine hjoed-de-dei yn dy sang krekt it rêstpunt dat se sykje. Wylst de wrâld fierder raast, bringt it jo 'in oaze fan rêst, meditaasje en ynspiraasje'. Musikus Hans Nieuwland fan Marsum is fassinearre troch it Gregoriaansk en jout der nije wike in lêzing oer yn Ljouwert. Hjoed is er al eefkes by ús op it Buro.

Hans Nieuwland hâldt syn lêzing 'It Gregoriaansk as authentyk gebed' op woansdei 15 jannewaris om 20:00 oere yn it Titus Brandsmahûs yn Ljouwert. Mear ynformaasje fine jo op http://www.titusbrandsmaparochie.nl/cursus-gregoriaanse-zang/

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Hjoed: yn in hok yn Wjelsryp fynt hy mear as 100 einekuorren.

De miening fan ... Carolien Roodvoets

Alle sneinen yn it Buro in kollum, hjoed fersoarge troch relaasjeterapeute Carolien Roodvoets. http://www.carolienroodvoets.nl/

Debateare oer it nijs

Ien kear yn 'e moanne noeget it Buro in trijtal gasten út om oer it nijs fan de ôfrûne wike(n) te praten. Hjoed mei Klaas Sietse Spoelstra (feroaringsmanager), Saakje Mulder (Sport Fryslân) en Albrecht Kok (foarsitter NVM Fryslân).

De minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsjes fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Hich Class Chick (dizze ôflevering is earder útstjoerd op 13 jannewaris 2013)
http://www.nykdev.nl/

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)