Buro de Vries fan 12 febrewaris 2017 11:00

    'De Stimwizer' mei skûtsjeskipper Douwe Visser * Yn de takomst struie mei sop út gers? * YM Jimmo Smit * Nijsfoarum mei Pia Dijkstra, Otto van der Galiën en Atze Jan de Vries. Presintaasje: Geartsje de Vries

    De Stimwizer fan Douwe Visser

    • De Stimwizer fan Douwe Visser

    It soe samar ris kinne dat we yn de takomst struie mei gerssop

    • It soe samar ris kinne dat we yn de takomst struie mei gerssop

    't Is winter, en dus soms glêd. Der is ek dizze wike wer om raak sâlt struid. Sâlt dat min is foar it milieu. Kin we ek mei wat oars struie? Fries om utens Hillebrand Breuker tinkt fan wol. Breuker wurket by de provinsje Noard-Hollân en hat der ûnder oare te krijen mei glêdheidsbestriding. Hy ûntduts dat it sop út gers hiel sâlt priuwt. En sa begûn it baltsje te rôljen. We troffen Hillebrand earder dizze wike yn Ljouwert.
    Hy wie yn Ljouwert omdat by Wetsus mooglik ûndersocht wurde sil wat de effekten fan it brûken fan dit gerssop op it milieu binne.

    YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    • YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Jimmo Smit fan Koudum.

    Nijsfoarum mei Pia Dijkstra, Otto van der Galiën en Atze Jan de Vries

    • Nijsfoarum mei Pia Dijkstra, Otto van der Galiën en Atze Jan de Vries

    It wykoersjoch

    • It wykoersjoch

    11:06 - Shirts - Tell Me Your Plans
    11:15 - Iris Kroes - Thus
    11:36 - Ede Staal - Het Het Nog Nooit Zo Donker West
    12:10 - Charlie Puth Ft. Selena Gomez - We Don't Talk Anymore
    12:16 - Rod Stewart - I Can't Deny It

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)