Buro de Vries fan 12 augustus 2018 11:00

    Buro de Vries sit dizze simmer op it doarpsplein. Yn dit jier fan LF2018 sille wy op syk nei de doarpsmienskip.Hjoed sitte René Koster en Simone Scheffer yn Hantum.

    Noardeast-Fryslân is ien fan de regio's dy't it measte lêst hat fan de krimp. Dochs docht bliken dat it doarp Hantum dêrop in útsûndering is. De befolking is dêr de lêste tsien jier krekt mei 12% groeid. Hoe kin dat? En wat is dêrby de ynfloed fan it eigen doarpsprogramma 'Hantum Fitaal' wêryn't fertutearze húskes opknapt wurde? Buro de Vries siket it snein út yn in live radioprogramma fan it terras fan café De Terp ôf. Wat is it geheim wêrom't minsken fan bûten nei it doarp komme en dêr ynvesteare yn kostbere ferbouwingsplannen? Doarpsbewenners en nijkommers fertelle har ferhaal.

    Boeddhisme

    Hantum hat ek in opmerklike bân mei it Boeddhisme. Krekt bûten it doarp stiet sels in echte Stoepa, de "Karma Deleg Chö Phel Ling". In stoepa is in bouwurk dêr't reliken fan in boeddhistyske hillige yn ûnderbrocht binne en dy't, ien kear ynwijd, ek nea wer ôfbrutsen wurden mei. Wy sille op besite by de stoepa en gean nei wêrom't dy krekt yn Hantum stiet. En leit der link mei de groep hippys dy't yn de jierren '70 yn Hantum delstruts?

    Multyfunksjoneel sintrum

    Fierder stean we yn Hantum noch stil by de jierrenlange striid foar in eigen multyfunksjoneel sintrum. Dit wie lykwols sûnder sukses, sadat no it âlde doarpshûs mar wer opknapt wurdt. Ek fernimme wy nei de mooglikheden foar toeristen om yn it doarp te ferbliuwen.

    It eigen Shantykoar sil live foar ús sjonge, en it koar sil útlizze wêrom't sels advokatekantoar Anker & Anker him mei de koarnamme bemuoide; en wy sykje út wêrom't it doarp syn eigen bosk 'opfrette' wol.

    11:08 - Mungo Jerry - In The Summertime
    11:22 - Matt Simons - We Can Do Better
    11:36 - Piter Wilkens - Greideroas
    12:06 - Big Mountain - Baby, I Love Your Way
    12:24 - Diggy Dex - De Zon Op
    12:38 - Band Sunder Baan - Wy Gean Troch

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)