Buro de Vries fan 12 april 2020 11:00

    * Heechlearaar Aukje Nauta oer wurkje, wurkwille en wurkskamte. Ek foar thúswurkers;
    * Ha we boppe de 85 jier noch rjocht op alle foarmen fan sûnenssoarch? Histoarikus Rob Kerkhoven fan It Hearrenfean oer syn boek 'Ouderenzorg, eindstation Methusalem';
    * De Fryske skriuwer/dichter Simen de Jong is besmet mei it coronafirus. Hy sit op it stuit yn karantêne en skriuwt. "Kloate Korona";
    * Hoe soe't op de eilannen wêze? It Buro hopt der dizze Peaskesnein by del;
    * Cor Waringa betinkt it libben fan Henk de Roos yn Yn Memoriam;
    * It oersjoch fan de wike; en
    * It Nijsfoarum mei Geesje Duursma, Ingrid Spijkers en Hein Kuiken.

    Rjocht op soarch foar 85-plussers

    Ha we boppe de 85 jier noch rjocht op alle foarmen fan sûnenssoarch? Histoarikus Rob Kerkhoven fan it Hearrenfean wurke twa jier oan syn boek 'Ouderenzorg, eindstation Methusalem'. De kwestje yn syn boek is hypotetysk en 'ludyk' beskreaun, mar de praktyk fan hjoed de dei mei in 'koade swart', soe dy fraach ek sa mar dramatysk tichby bringe kinne.

    Wurkwille sûnder skamte, ek thús

    In soad minsken bin al wiken thús oan it wurk. Dat giet net altyd like lekker. Heechlearaar Aukje Nauta jout tips en praat ús by oer har lêste boek:'Schaamteloos leven en werken'.  "Stel dat jo je net langer skamje soene foar jo uterlik, it single-wêzen of it net hawwen fan bern. En: Wat asto dy net skamje soest foar dyn tekoart oan ambysje, of dyn krekt ûnbegrinze ambysje? Mei in miks fan wittenskiplik ûndersyk en pynlik werkenbere foarbylden, bringt Aukje Nauta har ferhaal. 'Sjoch dat it der is, en deal der mei', is har boadskip.

    Undertusken op de eilannen

    Wy meie der op it stuit net hinne, de waadeilannen. Hoe graach we dat mei Peaske miskien ek wolle. Hoe soe it der no eins wêze? It Buro hifket troch it programma hinne de sfear op Skier, It Amelân, Skylge en Flylân.

    'Kloate Korona'

    Skriuwer Simen de Jong is besmet mei it Coronafirus. Syn hûs yn Amsterdam hat it tydlik ferruile foar in karantêne-plak yn it heitelân. Doe't er wer in bytsje opknapte, ûnstie it fers 'Foar Korona':

    Kloate Korona

    Ik wol net mei dy op bêd

    Mar do harkest net.

    Benei tolven al

    Stroffelet noch in routôch

    Stil yn firus fal.

    Fierderop stimme

    Fûgels sangen meifielend

    Flechtsje flinters fuort.

    Wy slute ús op

    Om inoar net foar jimmer

    Misse te moatten.

    It oersjoch fan de wike

    Wat wie dit eins foar in wike? René Koster sjocht werom....

    It Nijsfoarum

    Ditkear mei:

    Ingris Spijkers, haadredakteur Omrop Fryslân;

    horeka-ûndernimster Geesje Duursma; en

    PvdA-wethâlder Hein Kuiken fan Harns.

    Yn Memoriam

    Alle wiken betinkt Cor Waringa in Fries of Friezinne dy't ferstoarn is. Yn dizze ôflevering it libbensferhaal fan Henk de Roos.

    11:11 - Shawn Lee - Happiness
    11:27 - Chris Montez - The More I See You
    11:33 - Yardbirds - For Your Love
    12:15 - Pet Shop Boys - New York City Boy
    12:33 - Coldplay - Everyday Life

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)