Buro de Vries fan 11 novimber 2018 11:00

    * Bellingcat-ûndersiker en âld-Ljouwerter Christiaan Triebert;

    * De Anton Wachter-priis 2018;

    * Waarman Gerrit Hiemstra en syn soarch oer it klimaat;

    * Yn Memoriam Bauke van der Heide.

    * It Nijsfoarum mei:

    Johannes Kramer, deputearre en provinsjaal FNP-listlûker;

    Gryte Schaafstal, listlûker PvdA Noardeast-Fryslân;

    Trienke Elshof, foarsitter LTO-Noord.

    Presintaasje: René Koster.

    Yn Memoriam Bauke van der Heide

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Bauke van der Heide.

    Christiaan Triebert: de Sherlock Holmes fan ynternet

      Hy is de Sherlock fan it ynternet. Christiaan Triebert fan Ljouwert. Christian reizget de hiele wrâld ôf en lost saken op. Hy reizget fysyk, mar benammen oer de digitale sneldyk. Sa wie hy dwaande mei de MH 17, de fergiftiging fan de Russyske spion Scribal yn Ingelân en de kommende tiid sil er op syk nei fermiste migrantebern. Hy is lid fan de kearngrûp fan Bellingcat. In online ûndersyks-sjoernalistekollektyf dat oer de hiele ierde aktyf is. Bellingcat krijt in hieltyd gruttere ynfloed op de sjoernalistyk en ûndersyk nei grutte saken. Christiaan is dan ek net faak mear yn Fryslân. Ferline wike wie hy hjir efkes. Mei in jetlag. Simone Scheffer prate mei him.

      Oersjoch fan de wike

      It oersjoch fan de wike, makke troch René Koster.

      Nijsfoarum

      It Nijsfoarum mei 

      Johannes Kramer, deputearre en polityk lieder FNP;

      Gryte Schaafstal, PvdA-listlûker Noardeast-Fryslân;

      Trienke Elshof, regiofoarsitter LTO.

      De klimaatsoargen fan Gerrit Hiemstra

      Waarman Gerrit Hiemstra komt mei syn NOS-kollega's Willemijn Hoebert, Peter Kuipers Munneke en Marco Verhoef oan it wurd oer syn persoanlike klimaatsoargen yn it boek 'Gevoelstemperatuur' fan Heleen Ekker. "Keare kin we de klimaatferoaring net, mar bystjoere is wat oars...".

      Anton Wachterpriis

      Wannear wie it dat jo in boek lêzen ha fan Simon Vestdijk?  Hy wie ien fan de meast produktive skriuwers fan de foarige iuw. Anton Wachter en Ina Damman wiene wichtige en autobiografyske romanfiguren fan Vestdijk. Hy groeide op yn Harns dêr't Anton en Ina yn "Lahringen" libben. Vestdijk libbet al lang net mear, hy stoar yn 1971. Mar syn neilittenskip wurdt noch altyd libben hâlden troch de Simon Vestdijkkring dy't de twajierlikse priis Anton Wachter útrikt oan in debutearend skriuwer. Dit jier gie de priis nei Ellen de Bruin foar har roman "Onder het ijs". De Bruin is wittenskipssjoernalist mar hat har no talein op de roman. De utrikking wie sneon yn de grutte tsjerke yn Harns. dêr't ek de Ina Damman-priis utrikt waard. Alles, om Simon Vestdijk ûnder ús oandacht te hâlden.

      11:07 - Brimstone - Do That To Me One More Time
      11:24 - Michael Schulte - You Let Me Walk Alone
      11:46 - Piter Wilkens - De Friese Troedeboer
      12:09 - Pharrell Williams - Happy

      Buro de Vries

      Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
      (advertinsje)