Buro de Vries fan 11 maart 2018 11:00

    * Op 'en paad mei in lokale politikus: "Wa bin ik?" * 10 jier in skûtsje fan De Tynje: in petear mei manlju fan it Swarte Wief * YM Jehannes Veenstra ("Kats") * Oersjoch fan de Wike * Nijsfoarum mei Trienke Elshof, Auke Zeldenrust en Rommy Kempenaar.

    Presintaasje: Geartsje de Vries.

    "Gybje? we wisten net wat it wie"

    Tsien jier lyn hienen se allegear noch nea syld en no dogge se mei om it heechste plakje. It ferhaal fan it skûtsje fan De Tynje, It Swarte Wief, is in jongesboek gelyk. In freoneploech hellet earst alles út combineracen en keapet dêrnei in skûtsje. Justerjûn fierden se dat se yntusken tsien jier sile, en mei súkses. De lêste twa jier waarden se twadde yn it einklassemint fan de IFKS. Op harren fêste klusjûn, it skûtsje leit op it stuit yn in loads op 'e Tynje, sochten we skipper Jaap Hofstee op.

    http://www.itswartewief.nl/

    Op 'en paad mei in lokale politikus: 'Wa bin ik?'

    Op in soad plakken kin op 21 maart stimd wurde foar de gemeenteried. Hûnderten kandidaten bin wer ree fûn om fjouwer jier lang tsjin in lytse fergoeding foar de mienskip in bulte wurk te fersetten. Mar witte we eins wol wa't dat binne, dy minsken dy't yn de lokale polityk sitte? It Buro naam de proef op de som en gie yn Opsterlân op 'en paad mei Gerrit Weening. Weening zit al 16 jier yn de ried foar de ChristenUnie, de partij dêr't er no ek wer listlûker foar is. Soe de kiezer witte wa't er is?

    YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Jehannes Veenstra. 

    Oersjoch fan de wike

    Makke troch Geartsje de Vries. 

    Nijsfoarum mei Trienke Elshof, Auke Zeldenrust en Rommy Kempenaar.

    Oer de keapsnein yn Dantumadiel, it programma fan suvelconcern A-ware foar natuerynklusyf buorkjen, selstraffen foar ferkearsoertredings en 50% leansferheging foar de topman fan ING.

    11:08 - Gabrielle - Dreams
    11:24 - Portugal The Man - Feel It Still
    11:39 - De Kast - Hert Fan Myn Gefoel (Simmertime)
    11:51 - Healers - Blauwe Moandei (Farwol Fersy)
    12:07 - Charlie Puth Ft. Selena Gomez - We Don't Talk Anymore
    12:15 - Marco Borsato Ft. Nick & Simon - Vrienden

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)