Buro de Vries fan 11 maaie 2014, 11:00

De grûnswel * YM * Hoe komt it mei de weryndieling yn Noard-Fryslân (2) * Kollum Carolien Roodvoets * Sjouke Lousma ûnderweis * Nijsfoarum * Minút fan Nyk

Grûnswel nei jierren wer sjoen by Boarnsweach

Sa'n 40 jier hiene se de grûn-swel eins net mear sjoen, de Wynja's fan Boarnsweach by Top & Twel. Mar dit jier sa mar tsientallen. Net fuort by de pleats, mar hielendal efter yn it lân, dêr't in bulte modder leit. It Buro tôge mei Jappie Wynja nei in stikje Fryslân dêr't jo oars eins nea komme....

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Teije Jonkman.

Hoe komt it mei de weryndieling yn Noardeast-Fryslân (2)

Dy fraach stelde stazjêre Margaretha van der Wal har sels, yn in ôfstudearopdracht foar de Skoalle foar de Sjoernalistyk. De antwurden op dy fraach garret se yn in rige fan fjouwer radioreportaazjes. Ferline wike prate se mei minsken fan doarpsbelang, hjoed sil se op besite by in pear bestjoerders. En dan docht al gau bliken dat de noazen bepaald noch net yn deselde rjochting stean.....

Sjouke Lousma ûnderweis (1703)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út.

De miening fan ... Carolien Roodvoets

De kollum komt dizze snein fan relaasjeterapeute Carolien Roodvoets.
www.carolienroodvoets.nl

It Nijsfoarum

Ien kear yn 'e moanne beprate we it nijs fan de ôfrûne tiid.

De minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsjes fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed:
http://www.nykdev.nl/

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)