Buro de Vries fan 11 juny 2017 11:00

    * Omkearde staking yn De Houtigehage * Reekealtsjes yn 'e opfang * YM Lia Minzinga Zijlstra * Nijsfoarum mei Aukje de Vries, Jan Waterlander en Albert Hendriks *
    Presintaasje: René Koster.

    'It is altyd de fraach oft se it helje'

    • 'It is altyd de fraach oft se it helje'

    De ôfrûne moanne kaam in pear kear yn it nijs foarby dat der in lyts reekealtsje fûn wie. Sa nedich wurde se dan nei in opfang brocht, in opfang lykas De Fûgelhelling yn Oerterp. Ferline wike snein krige de diere-ambulânse in melding dat yn it lân by Wikel in lytse ree allinne omrûn. Jos Steiginga fan Snits gong der op ôf en brocht it nei De Fûgelhelling by Hetty Sinnema.
    http://www.defugelhelling.nl/

    De omkearde staking

    • De omkearde staking

    Yn 1952 barde der wat opmerkliks yn De Houtigehage: 18 wurkleaze manlju strûpten de mouwen op, pakten in skeppe en makken de Parksterloane begeanber. It wie de befolking fan De Houtigehage in griis dat de gemeente alle subsydzjejild yn it binnenheljen fan Philips yn Drachten stuts. Dêrtroch bleau der in hiel soad wurk lizzen, wylst 20% fan de manlju wurkleas wie. Dizze 'omkearde staking' helle it nasjonale nijs. Dat kaam mei troch de stikken dy't der oer ferskynden yn 'de Waarheid', de kommunistyske krante. Harm de Vos skreau dy stikken, as 18 jierrige HBS studint. No, 65 jier letter, wurdt der oer dizze 'omkearde staking' in iepenloftspul opfierd. Buro de Vries socht Harm de Vos op én gie nei in repetysje fan it iepenloftspul. Op 30 juny is de premjêre fan it iepenloftspul.
    www.omropfryslan.nl/iepenloftspullen2017
    www.dorphoutigehage.nl

    YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    • YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Lia Minzinga Zijlstra.

    Nijsfoarum mei Aukje de Vries, Jan Waterlander en Albert Hendriks

    • Nijsfoarum mei Aukje de Vries, Jan Waterlander en Albert Hendriks

    11:08 - Jacqueline - Overrated
    11:22 - Eddy Dykstra - Sa Leaf
    11:48 - Zucchero Fornaciari - Diamante
    11:54 - Van Morrison & Linda Gail Lewis - Let's Talk About Us


    12:09 - Sam Smith - Stay With Me
    12:15 - Vianney - Moi Aimer Toi

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)