Buro de Vries fan 11 febrewaris 2018 11:00

Jaap de Hoop Scheffer oer syn Fryske roots en Europa * Wint Sven of Bob in Olympyske medalje? * YM Jelle Visser * Oersjoch fan de wike * Nijsfoarum

Presintaasje: Geartsje de Vries.

Analyze fan de 5000 meter manlju op de OS

  • Analyze fan de 5000 meter manlju op de OS
  • Sven Kramer oer syn gouden race
  • Bob de Vries oer syn 5 km
  • Renze Lolkema oer de 5 km manlju yn Súd Korea

Twa Fryske reedriders kamen yn aksje op de Olympyske 5000 meter: Sven Kramer en Bob de Vries. Sportferslachjouwer Koos Wieling folge alle ritten en kollega Roelof de Vries wie yn reedriderskafee it Houtsje op It Hearrefean en prate dêr mei sjef sport fan de Ljouwerter krante Renze Lolkema. Bûnscoach Geert Kuiper fertelt hoe't hy fûn dat Sven Kramer en Bob de Vries riden ha en de haadpersoanen sels komme mei in reaksje op harren prestaasje. Sven Kramer is fansels hiel bliid mei syn gouden plak en Bob de Vries is bot teloarsteld.

Jaap de Hoop Scheffer

  • Jaap de Hoop Scheffer

Hy wie CDA-politikus, minister fan Bûtelânske Saken en oant 2009 siktaris-generaal fan de NAVO: Jaap de Hoop Scheffer. No is er noch as heechlearaar ferbûn oan de University Campus Den Haag, in funksje dy't er mooglik ek by de University Campus Fryslân krijt. De Hoop Scheffer fertelde dat lêste doe't er fannewike yn Ljouwert wie, ûnder mear om in lêzing te jaan yn de doarpstsjerke fan Huzum. Tema: oarder en disoarder yn de wrâld. Wy fan it Buro wiene der by en hearden fan fier de klokken al lieden.

YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

  • YM Jelle Visser

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Jelle Visser.

It wike-oersjoch

  • It wike-oersjoch

In persoanlik oersjoch fan de ôfrûne wike troch presintator Geartsje de Vries.

It nijsfoarum

  • It nijsfoarum mei Wietze Kooistra, Yntze de Vries en Jan van der Veen

Yn de oanrin nei de gemeenteriedsferkiezingen bestiet it nijsfoarum de kommende tiid út listlûkers fan ferskillende partijen, fan ferskillende gemeenten. Hjoed binne dat Jan van der Veen, listlûker fan de SP op It Hearrenfean, Yntze de Vries, listlûker fan de ELP (eerste lokale partij) Smellingerlân en Wietze Kooistra, listlûker fan it CDA yn Opsterlân.

De ûnderwerpen dy't op tafel komme:

- de Olympyske Spelen en de wize wêrop dy ynsetten wurde yn de ynternasjonale polityk

- PvdA-senator Marleen Barth

- fraude mei melkkij

en fansels komt ek de gemeentelike polityk op it aljemint.

11:09 - Tina Turner - The Best
11:33 - Xavier Rudd - Follow The Sun
11:47 - Sytse Haima - Dat Ik Neist Dy Lizze Mei
12:08 - Hans De Booy - Thuis Ben
12:14 - Niall Horan - This Town

Programma presentator: 
Geartsje de Vries

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)