Buro de Vries fan 11 augustus 2019 11:00

    Wat is it karakter fan Ferwert? Watfoar minsken wenje der en hoe krije jo se aktyf foar it doarp?  Mar ek: hoe giet it doarp dochs posityf de takomst yn, no't gemeentehûs en it Dockinga College ticht binne? Allegear fragen dy't oan 'e oarder komme at Buro de Vries dizze snein Ferwert oandocht. Fieder dûke we yn de skiednis fan it doarp, komme we yn 'e kunde mei de nijsgjirrige minsken en hearre de oansteklike muzyk fan The Old Pipers.
    Buro de Vries twa oeren live te gast op it terras fan it koöperative doarpskafee It Hoekje yn Ferwert!

    Johannes van Dijk

    Johannes van Dijk, doarpshistoarikus fan Ferwert nimt ús mei troch de rike skiednis fan Ferwert.

    The Old Pipers

    Sit der noch muzyk yn it doarp? Dy fraach stelle we alle wiken yn it doarp dêr't we te gast binne. We bedoele dat net allinnich figuerlik, mar ek letterlik. No yn Ferwert sitte we dan wol goed! Njonken muzyk fan brassband Excelsior hearre we ek muzyk fan The Old Pipers. In selskip dat muzyk en wille meitsjen, oan inoar ferbynt...

    Wa leit dêr?

    We stean ek stil by in bisûndere grêfstien en hearre in dramatysk ferhaal oer de drege ferhâlding tusken de rike en de earme Bouma's....

    Hegebeintum

    Ferwert en Hegebeitum lizze ticht by inoar en bin ek fia de feriening foar Doarpsbelang oan inoar ferbûn. Wy sjogge op de heegste terp fan Fryslân en yn it besikerssintrum.

    11:08 - Inutero - Simmer
    11:21 - Bastille - Joy
    11:53 - Shaka Kahn - I'm Every Woman
    12:07 - Kurt Darren - Loslappie
    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)