Buro de Vries fan 11 april 2021 11:00

    Oer dizze útstjoering is gjin spesifike ynformaasje beskikber. Klik hjir foar programma-ynformaasje

    Clemens van den Brink oer Feanhuzen

    Berne wurde yn in finzenis: dat bart net in soad minsken. De 81-jierrige Clemens van de Brink út Easterwâlde waard berne yn Feanhuzen (Veenhuizen). Syn heit wie bewaker fan 1938 oant 1946 yn de finzenis op de grins fan Drinte en Fryslân. Van den Brink waard dêr berne, yn 1940, krekt foar de Twadde Wrâldoarloch.

    Syn jongste jierren brocht hy troch yn it finzenisdoarp en dêrnei ferhuze de famylje nei in pleats krekt bûten Feanhuzen.

    De earste oantinkens fan Van den Brink wiene dy fan mishannelingen fan finzenen om't de Dútsers tochten dat der ûnderdûkers sieten. Mar ek de winkelman en de bakker wit hy him noch goed te heugen. Triggere troch syn jeugd hat hy 3 boeken skreaun mei ferhalen oer it mysterieuze finzenisdoarp en syn ynwenners.

    Smokkelbern, de podcast diel 1

    Dizze wike is de podcast 'Smokkelbern' lansearre, mei ferhalen oer Joadske minsken, dy't as lyts bern yn de oarloch ûnderdûkt sitten ha by Fryske famyljes.
    Dat wiene der bêst in soad: teminsten in pear hûndert. Se wiene fan it westen fan it lân nei it plattelân smokkele troch studinten, dy't de bern út hannen hâlde woene fan de Dútske besetter. Omrop Fryslân begjint nije wike mei in rige fan 5 Fryslân DOK's op telefyzje oer dizze 'Smokkelbern'. Dêrby heart ek in podcast-searje.... omdat der noch folle méar ferhalen te fertellen binne.

    Yn diel 1 gean de ferslachjouwers Gerard van der Veer en Karen Bies op besite by Bert Jan Flim, histoarikus yn Grins, promovearre op de 'bernesmokkel'-skiednis fan Joadske bern yn de oarloch. Hy krige grutte belangstelling foar it ûnderwerp doe't hy, begjin jierren 80, as jonge skiednisstudint, der achter kaam hoe'n grutte rol syn eigen heit spile hie yn dit fersetswurk. Mear as santich Joadske bern hat syn heit, Herman Flim, bakker yn Nijverdal, ûnderbrocht by gesinnen op it plattelân. We litte in stik fan it ynterview mei Bert Jan Flim hearre, Sa fertelt hy hokker rol dit ferhaal spile hat yn de famylje.

    De podcast Smokkelbern is te finen op de webside fan Omrop Fryslân, en ek fia de podcastapps op dyn telefoan.

    Ut it Libben: Elly Breeuwsma út Ljouwert

    Elly Breeuwsma út Ljouwert stie yn novimber 2020 sintraal yn in radiodokumintêre.It gie oer har sykte, alfleisklierkanker. It gie ek oer har hoop op in behanneling, oer har libbenslust en oer freonskip en leafde. Want Elly heart by in groep hechte freondinnen dêr't programmamakker Geartsje de Vries ek by heart. Al hast 30 jier diele de sân freondinnen leaf en leed. Fannewike hat Elly it libben, dêr;t se sa yntins fan hold, dochs loslitte moatten. 

    De rike skiednis fan Sealen Schaaf...

    Hoe komt it mei it bysûndere teäter Sealen Schaaf yn Ljouwert? De kommende wiken sil de gemeente Ljouwert dêr definityf oer te set. Yn alle plannen dy't op tafel lizze wurdt praat oer de rike skiednis fan "Skaaf'. Mar wat is dy skiednis krekt? Ljouwert-kenner Hendrik ten Hoeve, dy't yn 2009 ferstoar, makke tritich jier lyn foar de Omrop mei Gryt van Duinen in rige programma's oer promininte Ljouwerter gebouwen. Yn Buro de Vries litte we in part fan it programma oer Sealen Schaaf nochris hearre.  

    Mei tank oan it Historisch Centrum Leeuwarden foar de foto's fan H.A. Rollema út de Beeldbank Leeuwarden.

    It nijsfoarum mei Jaap Stalenburg, Albert van Keimpema en Irene Overduin

    It nijsfoarum diskussearret oer it nijs fan de ôfrûne wike. Dit kear mei trije sjoernalisten en twa binne ek polityk aktyf. Jaap Stalenburg sit foar de PvdA yn provinsjale steaten, Albert van Keimpema is VVD riedslid yn De Fryske Marren en de tredde sjoernalist, Irene Overduin wurket foar de Ljouwerter Krante. 

    Der wurdt praat oer polityk en sjoernalistyk: kin in sjoernalist tagelyk ek polityk aktyf wêze? Hoe erfare de polityk aktive sjoernalisten de polityk? Is it transparant genoch? Is der sprake fan 'achterkeammerkespolityk' yn Den Haach? Wat fine de foarumleden fan de faksinaasjestrategy? En wat moat der barre foar't der wat dien wurdt oan de gefaarlike skipfeartrûte boppe de waadeilannen?

    It wykoersjoch

    De ôfrûne wike troch de eagen fan René Koster...

    11:27 - Johnny Cash - We'll Meet Again
    11:41 - Clannad - Seachran Charn Tsiail

    Programma presentator: 
    Geartsje de Vries

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (Advertinsje)