Buro de Vries fan 10 septimber 2017 11:00

11:00 -12:00 Rients Gratama: werhelling programma út 2007
12:00 -13:00 Ald-dûaneman Albertsma oer drugsboat Maya Queen en hop plukke yn Boalsert (werhelling)

Rients Gratama: oer syn publyk, syn karriêre en âlder wurde

  • Rients Gratama oer it publyk, syn karriêre en âlder wurde,

Rients Gratama is woansdei 6 septimber op 85-jierrige leeftiid ferstoarn. Hy wie al langere tiid siik. Rients Gratama wie kabaretier, skriuwer, akteur, dichter en presintator. Tsien jier lyn makke kollega Karen Bies in programma mei him. In moai petear oer it publyk troch de jierren hinne, oer it libben en âlder wurde en werom der noch gjin opfolger is.

Hoe't tafal liedt ta grutte drugsfangst (yn 1987)

  • Tafal liedt ta grutte drugsfangst (yn 1987)

Dizze simmer strúnde Buro de Vries by de kust del op syk nei 'Ferhalen fan it Waad", hjoed in ferhaal fan Ids Albertsma fan Harns.

Hop plukke yn Boalsert

  • Hop plukke yn Boalsert

Hop, needsaaklik foar in bierbrouwer. Hop bringt de smaak oan it bier. Nederlânske bierbrouwers helje har hop meast út Dútslân. By Us Heit yn Boalsert fûnen se dat se it ek wol sels koenen, hop tele. Fiif jier lyn setten se der mei útein. Om dizze tiid hinne wurdt de risping binnen helle. Wy wienen der ferline jier by.
Bedriuwsliedster Ester Osinga en eigener Aart van der Linde fan De Friese Bierbrouwerij leinen ús doe it ien en oar út.

12:36 - Nick Lowe - Half A Boy And Half A Man
12:41 - Calvin Harris Ft. Various Artist - Feels
12:47 - Bricquebec - Ien Kear
12:53 - Wind Earth & Fire - And Love Goes On

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)