Buro de Vries fan 10 oktober 2021 11:00

    * Earst in nier fan mem, no ien fan heit, of: hoe't in Jouster famylje om inoar hinne stiet;
    * Ferhalen fan de Potmarge: It tintsje fan Ulbe;
    * Anoeska en de taslagge-affêre;
    * It Wykoersjoch; en
    * It Nijsfoarum mei Albert van der Ploeg (CDA), Aukje de Vries (VVD) en Ate Eijer (FNP).

    It ferhaal fan Ulbe yn de Potmarge rige

    Dizze wiken yn Buro de Vries ferhalen fan De Potmarge. Ferline wike wie Simone mei Peter de Haan op paad. By de kuier troffen se Ulbe. Ulbe is dakleas. Hy fertelde syn ferhaal.

    Earst in nier fan mem, no ien fan heit...

    Hoe kinne je as gesin de sykte fan in siik famyljelid mei elkoar drage? De famylje Ten Hoeve fan De Jouwer stiet al goed 20 jier om de 37-jierrige Johan hinne, dy't in nieroandwaning hat. De jonge klokkemakker krige earder in nier fan syn mem, mar syn lichem is no safier hinne, dat er in nije nier nedich hat. Opnij lit de famylje sjen dat se it spannende proses fan in niertransplantaasje mei-elkoar oangean. Ferslachjouwer Froukje Sijtsma fan it buro socht Johan, syn freondinne en âlden op.

    Anoeska en de taslagge-affêre

    Anoeska de Vries fan Garyp is ien fan de Fryske dupearren fan de taslagge-affêre. Min of mear geregeld hâldt it Buro fia har de finger oan de pols. Fannewike gie it wer mis yn dit dossier. Unfolsleine beskikkingen wiene de oanlieding foar panyk. Boppedat docht bliken dat de iene gemeente de slachtoffers hiel oars temjitte komt as de oare...

    It Nijsfoarum

    * It Nijsfoarum mei:

    - Albert van der Ploeg, fergaderboer en âld-CDA wethâlder,

    - Aukje de Vries, Twadde Keamerlid foar de VVD, en

    - Ate Eijer riedslid foar de FNP op It Hearrenfean.

    It wykoersjoch

    It oersjoch fan de wike troch de eagen fan René Koster...

    11:20 - John Mayer - Queen Of California
    11:37 - Wiebe - Nimmenslan
    11:46 - Ray Charles - Hit The Road Jack
    12:06 - Walker Brothers - The Sun Ain't Gonna Shine Anymore

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (Advertinsje)