Buro de Vries fan 10 novimber 2019 11:00

    * Duorsum bouwe

    * De sterke man Kelvin de Ruiter

    * Onno Falkena yn Berlyn

    * Yn Memoriam Siebe Peenstra

    * It Nijsfoarum mei Harry van der Molen, Romke Postma en Ria Kraa.

    Sterke man, Kelvin de Ruiter

    Sterke man Kelvin de Ruiter fan Surhústerfean is wis fan doel nije wike de sterkste strongman fan de wrâld te wurden. De sterke man fan De Harkema stiet boppe oan yn de champions league en makket ek hiel goeie kâns om de einstriid en dus de titel binnen te heljen. Oer in rige fan 15 wedstriden dy't yn alle parten fan de wrâld hâlden wurde stride de 12 sterkste manlju fan de wrâld om de prestizjeuze titel. De finale soe yn Meksiko wêze mar is ferpleatst nei Portugal. Buro de Vries socht de sterke man op yn syn eigen sportskoalle op De Harkema.

    Biense Dijkstra: "It is dom om âlderwetsk te bouwen as it like goed duorsum kin"

    Biense Dijkstra fan it boubedriuw Dijkstra-Draaisma is der helder yn: "It is dom om âlderwetsk te bouwen as it like goed duorsum kin. It is in útdaging fansels, mar we binne der yn it noarden no al hiel goed yn. Houtbou en prefabrikaazje bygelyks, dêryn ha we in foarsprong op de rest. Dat moatte we fierder útbouwe, want der sit ek in moai 'verdien-model' yn. Dijkstra komt oan it wurd yn it ramt fan de Buro de Vries-rige oer bedriuwen en sektoaren dy't har ynsette foar in transysje nei in duorsume takomst.

    Onno Falkena yn Berlyn

    Nei de jierlikse 'Europarede' by de Brandenburger Tor yn it hertsje fan Berlyn is Omrop Fryslânferslachjouwer Onno Falkena mei in stikmannich oare Europeanen troch Bundeskanselier Angela Merkel útnûge om mei har in lyts hapke te iten. Falkena is lid fan it Dútsk-Europeeske netwurk 'Wir sind Europa', ien fan de organisaasjes achter de Europarede. Dy rede waard dit jier fersoarge troch Ursula von der Leyen, de oankommende foarsitter fan de Europeeske Kommisje. Elts jier is de rede yn it wykein fan 9 novimber, de dei dat de Berlynske muorre foel. 

    "Dat Merkel der ek by wie, wie in grutte Überrasschung foar ús", seit Falkena. "Nei de tiid like se samar fuort te wêzen, mar dat wie net sa. Se siet boppe yn in keammerke apart te iten mei in stikmannich partijgenoaten. En omdat se dat selskip wat saai fûn, frege se de minsken fan 'Wir sind Europa' derby." Troch de minsken fan 'Wir sind Europa' út te nûgjen woe Merkel blike litte dat se it bot wurdearret as minsken har ynspanne foar in bettere dialooch tusken de Europeeske Uny en de boargers. Europa giet Merkel oan it hert, sei se yn har spontane taspraak. "It giet allinnich mar goed mei Dútslân, as it goed giet mei Europa." Oer de fal fan de muorre, dit wykein 30 jier lyn, wie se opfallend beskieden. "Op 8 novimber hie ik der gjin idee fan dat dit al op 9 novimber barre koe." De lytse byienkomst mei Merkel by in buffet mei Berliner Frikandellen en wite wyn hie in fertroulik karakter. Falkena moast, lykas in Ingelske kollega-sjoernalist, ynstimme mei de 'Unter drei'-koade, wat betsjut dat neat fan wat dêr sein is, nei bûten brocht wurde mei. Hy kin wol sizze dat Merkel in tige ûntspannen yndruk makke. "Se makke grapkes yn it Dútsk en Ingelsk en hat ek dúdlik gefoel foar humor. Se komt wolris wat stiif oer, mar dêr wie no neat fan te fernimmen. In belangstellende, sympatike frou, ik kin it net oars sizze."

    Wike oersjoch

    It folsein subjektive oersjoch fan de wike troch de eagen fan René Koster...

    It Nijsfoarum

    It nijs út Fryslân en de rest fan de wrâld dizze wike besprutsen troch:

    Ria Kraa, haadredakteur Friesch Dagblad;

    Romke Postma. fraksjefoarsitter Gemeente Belangen Dantumadiel; en

    Harry van der Molen, CDA-keamerlid.

    Yn Memoriam Siebe Peenstra

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Ditkear is dat Siebe Peenstra.

    11:07 - Paul Carrack - Good Feelin' About It
    11:26 - Grytz & Grize - Kanjer
    11:54 - Andrea Bocelli - Melodramma
    12:11 - Bernie Lyon - The Love Of A Woman
    12:20 - Di-Rect - Nothing To Lose

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)