Buro de Vries fan 10 maart 2019 11:00

    'Ferflein Fertrouwen', oer hoe't de gewoane boarger it fertrouwen ferlear yn oerheid en polityk;

    'Spioneare mei in joystick', morele dilemma's yn de moderne oarlochsfiering:;

    'It nijs út Fryslân en de rest fan de wrâld', besprutsen yn It Nijsfoarum mei âld-CDA-steatelid, -senator en -(yn)formateur Geart Benedictus, Houkje Rijpstra (dir. Circulair Friesland) en Andries Bakker (steateferslachjouwer Omrop Fryslân);

    Yn Memoriam: Cor Waringa oer it libben fan Pytsje van der Meulen.

    Ferflein fertrouwen

    Hoe kin it dochs dat yn dit miskien wol bêste lân fan ierde, sa'n soad ûnfrede is? We hearre by de rykste lannen fan de wrâld, we wurde net troffen troch grutte natoerrampen, ha in dak boppe de holle en bin net yn oarloch. Dochs fiele in soad minsken har tekoart dien. Pakt. Skoffeart. Ofskreaun. Mei ferskate besoarge en ûntefreden boargers en mei bestjoerskundige Rieks Osinga fan de Thorbecke Academie sykje we út wat der oan de hân is. En oft der in oplossing foar is....

    'Spioneare mei in joystick'

    'Spioneare mei in joystick', morele dilemma's yn de moderne oarlochsfiering.

    Fryslân komt de kommende oardel jier yn de kunde mei twa folslein nije fleantúgen. Ein dit jier lande op de fleanbasis Ljouwert de earste F-35 gefjochtsfleantúgen. Yn 2020 komt de MQ-9 Reaper. Dat is in ûnbemand tastel da't oanstjoerd wurdt fanút in grûnstasjon op de basis yn Ljouwert. Nederlân hat fjouwer tastellen oanskafd. Twa teams besteande út piloten en sensor operators binne op it stuit yn oplieding. Dat wurdt dien by de Amearikaanske loftmacht op de basis Holloman yn de steat New Mexico. Dêr midden yn de woestijn steane tsientallen fan dy ûmbemande fleantúgen. It folsleine gebiet om de basis hinne is har trainingsgebiet. Dêr meie se lukraak fan kilometers hichte ôf auto's folchje om goed in de fingers te krijen hoe't de systemen krekt wurkje. Yn maaie binne se nei alle gedachten klear mei de oplieding. Yn 2020 hat Nederlân syn eigen tastellen en kinne se ynset wurde. Ferslachjouwer Hayo Bootsma socht ien fan de twa teams op yn de woestijn yn New Mexico

    It wike-oersjoch

    It persoanlike oersjoch fan de wike, makke troch René Koster.

    It Nijsfoarum

    'It nijs út Fryslân en de rest fan de wrâld', besprutsen yn It Nijsfoarum mei:

     Geart Benedictus, âld-CDA-steatelid, -senator en -(yn)formateur,

    Houkje Rijpstra, (dir. Circulair Friesland) en

    Andries Bakker, (steateferslachjouwer Omrop Fryslân);

    Yn Memoriam: Pytsje van der Meulen

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Pytsje van der Meulen.

    11:08 - Alec Benjamin - Let Me Down Slowly
    11:20 - R. City Ft. Adam Levine - Locked Away
    11:46 - Twarres - De Juste Snaar
    12:08 - Fleetwood Mac - Hold Me
    12:17 - Dido - Give You Up

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)