Buro de Vries fan 10 maart 2013

Hûnen yn in keppel skiep kin in soad ellinde jaan.
'Ming' stiet bekend as ekstreem djoer antyk. Wa't in Ming-faas hat, hat wat bysûnders. Wy sochten út werom.
In spesjale Underweis: Sjouke Lousma treft yn Reahûs in groep pylgers,
en Cor Waringa fertelt oer it libben fan idealist Bauke Altenburg fan Ljouwert.

De kollum komt fan Bert Looper, it nijsfoarum diskusjearret oer wat der yn de media foarby kaam ôfrûne wike en Nyk de Vries hat wer in koart ferhaal foar ús.

Hûnen los op de heide

Wat is der moaier as je hûn fleane litte oer de heide. Hearlik, mar it mei net. Yntusken binne der al mear as 20 boetes útdield want de skea dy't hûnen oanrjochtsje kinne is grut. Skiep wurde soms deabiten of wurde sa opjage dat se letter fersmite. De skiep fan Ko Maring, fan it Fryske Gea, rinne yn it natuergebiet Mandefjild by Bakkefean. Ek dêr ha se bot lêst fan losrinnende hûnen.

Snein 21 april kin je yn Bakkefean de keppel besjen op "Lammetjesdag". Sjoch foar mear ynformaasje op: http://www.itfryskegea.nl/Nieuws/Lammetjesdag-in-Bakkeveen/

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Bauke Altenburg fan Ljouwert.

It mystearje 'Ming'

Wa't op de rommelmerk tsjin in Sineeske faas oanrint, hopet dat it in echte Ming-faas is. Mingporslein is ekstreem djoer antyk. Hoe is dat sa kommen? It antwurd socht it Buro yn Keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert. Leden fan it Porselein Schilder Genootschap hawwe harren eigen Ming-faas/boerd skildere. Dizze moarn makket de konservator fan it museum in seleksje dy't in plakje krijt yn de tentoanstelling"' Het mysterie Ming'.

 

De tentoanstelling "Het mysterie Ming" is fan 24 maart ôf te sjen yn Keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert.
http://www.princessehof.nl/

Underweis (1657)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Fan 'e moarn treft hy yn Reahûs in groep pylgers...

Kollum

De wyklikse kollum wurdt diskear fersoarge troch Bert Looper, direkteur fan Tresoar yn Ljouwert.

Nijsfoarum

Ien kear yn 'e moanne noeget Buro de Vries trije gasten út om oer it nijs fan de ôfrûne wiken te debattearjen.

Minút fan Nyk de Vries

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsjes fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Keamer.

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)