Buro de Vries fan 10 maaie 2020 11:00

    Yn Buro de Vries nijsgjirrige ferhalen en ferdjipping fan it nijs. Op 10 maaie in petear mei Sake de Vlas, hy is heechleraar ynfeksjesykten modellearring. Oer de exitstrategy fan Nederlân yn de coronakrisis.

    Tom Harkema skreau in boek oer de Sint Christophorileen. It boek fertelt ferhalen fan minsken dy't mei help fan de stúdzjelien in rjochting yn it libben keazen.

    Yn In Frisse Noas in bysûnder ferhaal oer in motor dy't op jarre rint en fierder wurket op basis fan in prinsipe dat Johannes Wardenier yn de jierren tritich al betocht hat.

    Yn it nijsfoarum wurde de aktualiteiten fan de ôfrûne wike besprutsen troch Aukje de Vries (VVD-Twadde Keamerlid), Marijke Roskam (âld-steatelid foar de PvdA) en Albert van der Ploeg (bestjoersboer).

    In frisse noas

    Fries om utens blaast wûndermotor nij libben yn.

    In motor dy't op jarre rint en fierder wurket op basis fan in prinsipe dat Johannes Wardenier yn de jierren tritich al betocht hat. Ik klinkt net al te logysk, mar de Fryske útfiner om utens, Willibrord van der Weide claimt dat it kin. Sterker noch, yn Oekraïne soe hy mei in yngenieur al in wurkjend prototype makke ha.

    Van der Weide, dy't berne is yn Boalsert, is útfiner en hat ûnder mear wurke oan finings foar de suvel en de ûntwikkeling fan meststoffen op basis van wei. Hy is al jierren ynteressearre yn de saneamde 'brânstofleaze motor', dy't Johannes Wardenier yn de jierren '30 wrâldferneamd makke. Yn Wolvegea soe in grutte fabryk delset wurde om syn motoaren te bouwen. Mar dat is der nea fan kaam om't Wardenier nei in gesticht brocht waard en syn model -neffens de ferhalen- troch 'hege hearen' meinaam waard en nea werom fûn. Sa is it ferhaal fan Wardenier altyd in mystearje bleaun.

    Van der Weide hat it prinsipe fan de Wadernier-motor oernaam, mar dêr jarre as 'brânstof' oan taheakke. Yn line mei de plannen dy't Wardenier eartiids hie, wol er syn prototype graach presintearje yn it gemeentehûs fan Weststellingwerf. As de grinzen wer iepen gean wol er syn proefmodel fan Oekraïne nei Fryslân helje en by de ûntwikkeling mear saakkundigen belûke. Op de fraach oft er no in fantast of sjeny is, seit Van der Weide: "Ik ben een realist, een compleet-denker..."

    Yn memoriam Henk la Roi troch Cor Waringa

    Alle wiken betinkt Cor Waringa it libben fan in Fries of Friezinne d't stoarn is. Waringa stiet stil by it libben fan Henk la roi.

    It wike oersjoch fan 10 maaie

    Yn it wike oersjoch de aktualiteiten troch de eagen fan de presintator fan Buro de Vries.

    It nijsfoarum mei Marijke Roskam, Albert van der Ploeg en Aukje de Vries

    11:08 - Venice - If I Were You
    11:30 - Beach Boys - God Only Knows
    12:08 - Nits - Tuti Ragazzi
    12:15 - Miss Montreal - Hier

    Programma presentator: 
    Simone Scheffer

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)