Buro de Vries fan 10 juny 2018 11:00

* Fytse fan Natuurmonumenten nei Steatsboskbehear * Remco de Vries oer syn fototentoanstelling "Sâltlân" *  YM Jeltsje van Eemst * Oersjoch fan de wike * Nijsfoarum mei Rendert Algra, Immie Jonkman en Patrick van 't Haar

Fytse fan Natuurmonumenten nei Steatsboskbehear

  • Part 1: Op de fyts mei boskwachter Gjerryt Hoekstra yn de Hempensermar-polder
  • Part 2:Yn de Leonserpolder mei boskwachter Sander Feenstra

Under de reek fan Ljouwert lizze twa bysûndere polders: de Himpensermarpolder, beheard troch Steatsboskbehear en de Leonserpolder, beheard troch Natuurmonumenten. Dizze beide natoerorganisaasjes wurkje sûnt koart regionaal gear út in mienskiplik kantoar yn Wurdum wei. In spesjale fytsrûte fan 43 kilometer dy't de polders ferbynt lit fan beide it moaiste sjen kwa natoer en kultuerhistoarje. Fan 'e moarn nimme we jim mei, by in part fan de rûte del. Ferslachjouwer René Koster begjint de fytstocht mei boskwachter Gjerryt Hoekstra by restaurantpleats 'De Wâldwei', krekt ûnder Ljouwert.

"Sâltlân" de earste fototentoanstelling fan Remco de Vries

  • Remco oer syn tentoanstelling

Remco de Vries is njonken sjoernalist by Omrop Fryslân ek fotograaf. Hy hat de ôfrûne jierren in soad op it Waad omspaand en eksperimintearre mei syn kamera. De foto's dy't er makket binne hast surrealistysk: fan kleur, fan ljocht en fan beweging. Dat komt troch bepaalde techniken dy't er brûkt. "Ik haw de tiid net beferzen, mar útsmard oer ien foto. Sa binne de stadige bewegingen yn de loft en it wetter sichtber wurden", seit Remco. Syn fototentoanstelling yn it garnalefabryk yn Moddergat wurdt sneintemiddei iepene troch Joop Mulder.

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

  • YM Jeltsje Feenstra-van Eemst

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Jeltsje Feenstra-van der Eemst. 

Oersjoch fan de wike

  • It wikeoersjoch fan wike 23

Makke troch Geartsje de Vries.

Nijsfoarum mei Rendert Algra, Immie Jonkman en Patrick van't Haar

  • Nijsfoarum

11:10 - Simply Red - Something Got Me Started
11:21 - John Newman - Come And Get It
11:36 - Dnce - Cake By The Ocean
11:47 - Grytz - Fersopen Protter
12:07 - Doobie Brothers - What A Fool Believes
12:15 - Ronde - Why Do You Care

Programma presentator: 
Geartsje de Vries

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)