Buro de Vries fan 10 jannewaris 2021 11:00

    - Romke Kooyenga docht nei in turbulint 2020 syn ferhaal;
    - Undersiker Sian Wierda oer 'De Heidedoarpen';
    - It oersjoch fan in bisûndere wike;
    - It Nijsfoarum mei:
    *CDA-boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren,
    *ûndernimster yn in mannewrâld Jenny Douwes en
    *GrienLinks-riedslid Retze van der Honing fan It Hearrenfean.

    It byld fan de 'heidedoarpen' kin wol wat nuansearder fynt skripsjeskriuwer Sian Wierda

    Feiten dogge der ta en kinne nuânse oanbringe. Dat is de bedoeling fan it ferhaal fan Sian Wierda fan De Jouwer oer de heidedoarpen yn de 19e iuw. It byld fan de frijfochten en asosjale befolking yn de Fryske Wâlden is ien fan earmoedekultuer. Mar dat byld leit nuansearder is de konklúzje fan Sian Wierda. De meiwurker fan Omrop Fryslân wûn foar syn masterskripsje 'Het vrije volk van de heide' 1000 euro fan de Fryske Akademy. Ien fan de oanliedingen foar it skriuwen fan de masterskripsje wie syn ôfkomst. De oerpake fan Sian groeide op yn de earmoede en wenne yn in spitkeet. Oer syn oerpake, de ferhalen en de feiten praat Simone Scheffer mei him en Simon Hoeksma fan it iepenloftmuseum De Spitkeet.

    Romke Kooyenga oer in turbulint jier

    Undernimmer Romke Kooyega makke yn 2020 mear mei as oars yn in jier of tsien, sa fertelt er. Twa broers ferstoaren, hy ferkocht syn bedriuw en ferhuze fan syn Belgyske kastiel werom nei Nederlân. By it Buro die er syn ferhaal...

    It oersjoch fan 'e wike

    It oersjoch fan in bysûndere wike troch de eagen fan René Koster....

    It Nijsfoarum

    Dit kear mei as opinymakkers oan tafel:

    *CDA boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren,
    *ûndernimster yn in mannewrâld Jenny Douwes en
    *GrienLinks-riedslid Retze van der Honing fan It Hearrenfean.

    11:06 - Ruben Hein - Fool By Morning
    11:28 - Reboelje - Doch De Raaie
    11:52 - Michael Prins & Caprice Van Hout - Fear Not
    11:56 - Chris Montez - The More I See You
    12:06 - Marc Cohn - Walking In Memphis

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (Advertinsje)