Buro de Vries fan 10 jannewaris 2016 11:00

*John Havinga oer de izel * Yn Memoriam: Tseard Boorsma * de besunigings op it Frysk Orkest yn de jierren 80 * Sjouke Lousma ûnderweis * kollum fan Tjalling van der Goot * Piet Fortuin fan Drachten: fakbûnsbestjoerder fan CNV-fakwurk * ús doarp: Ryptsjerk

Waarman John Havinga oer de izel

  • Waarman John Havinga oer de izel

Doe't John Havinga waarman by de fleanbasis wie, hie er altyd te krijen mei izel en snie omdat iisfoarming op fleantugen hiel gefaarlik wêze kin. De waarsitewaasje fan de ôfrûne wike wie dan ek in útdaging foar him. De komst fan wintersk waar hie hy al yn desimber foarsein. De 'Russyske Bear'- in hegedrukgebiet boppe Siberië dat dêr foar ekstreme kjeld soarget - soe ús kant op komme. Hy krige gelyk. It Buro sjocht mei de Fryske waarman dy't no yn Grinslân wennet, werom op de útsûnderlike wike dy't achter ús leit.

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

  • YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Tseard Boorsma.

In akkoart sûnder muzyk (2)

  • In akkoart sûnder muzyk (2)

Yn Buro de Vries in rige fan fjouwer ôfleveringen oer it Frysk Orkest en it 'Herenakkoord'. Ferline wike ha we it hân oer it begjin fan it Frysk Orkest. Nei in grutte ynsammelaksje ûnder de Fryske befolking koe it in profesjoneel orkest wurde. Dêrmei waard it al gau "'ús Frysk orkest". Net allinnich yn konsertsealen, ek yn doarpshuzen en yn alle úthoeken fan de provinsje waarden konserten jûn. De sealen sieten fol, en dochs kamen der yn de tachtiger jierren besunigings en waard der al praat oer ien orkest foar it Noarden.
Hjoed it twadde programma yn in rige fan fjouwer oer it Frysk Orkest en de gefolgen fan it Heare-akkoart.

Sjouke Lousma ûnderweis

  • Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma is op 'en paad yn Fryslân. Underweis komt er nijsgjirrige minsken tsjin dêr't er in praatsje mei makket.

Kollum Tjalling van der Goot

  • Kollum Tjalling van der Goot

De kollum komt hjoed fan Tjalling van der Goot, advokaat by Anker en Anker. www.ankerenanker.nl

'As fâkbûn moat we nije paden ynslaan, oars ferlieze we ús besteansrjocht'

  • 'As fâkbûn moat we nije paden ynslaan, oars ferlieze we ús besteansrjocht'

'As fakbûn moat we nije paden ynslaan, oars ferlieze we ús besteansrjocht', dat seit Piet Foruin fan Drachten. Sûnt 1 jannewaris is hy foarsitter fan CNV-vakmensen, de bûn dêr't nei in tal fúzjes alles ûnder falt, útsein it oerheidspersoniel. Mar hoe relevant is in fakbûn eins, no't hieltyd minder minsken lid binne? It Buro gie mei Fortuin yn petear oer it nut fan it fakbûns-lidmaatskip, it karakter fan it CNV en de takomst fan kollektiviteit en solidariteit foar wurknimmers....

Us Doarp (11)

  • Us Doarp (11)

Nei in wike as wat bin we werom yn De Trynwâlden. Hjoed bedarje we yn Ryptsjerk. Dêr hoopje se dat de kommende jierren wer ris wat huzen boud wurde kinne, en ha se hege ferwachtings fan de rekreaasje, fertelt Gerrit Haakma fan doarpsbelang. De saneamde 'Bûtenfjildrûte', dy't de Grutte Wielen ferbynt mei de Swemmer, moat dêr foar soargje.

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)