Buro de Vries fan 10 febrewaris 2019 11:00

    Ut de dokumintêre (s)ûnder druk fan FryslânDok komt direkteur Alex Bonnema fan Caparis nei foaren as in tige belutsen man. Yn Buro de Vries fertelt Bonnema oer syn driuwfearren.
    Yn Gytsjerk binne 3 bysûndere roubuorden restaurearre. Se hingje no wer te pronkjen yn de tsjerke. In reportaazje.
    Yn Memoriam: Joke Buruma
    It nijsfoarum mei Aukje de Vries (VVD 2e keamerlid), Sietse Schukking (listlûker Natuurlijk Fryslân) en Rieks Osinga (bestjoerskundige)
    en it wikeoersjoch

    In kolonel, in boargemaster en in advokaat: it ferhaal efter restaurearre roubuorden...

    In kolonel út it leger fan de prins fan Oranje; in advocaat fan it hof fan Fryslân en in eardere boargemaster fan Ljouwert; Roubuorden fan dizze trije pommeranten hingje yn it Martinustsjerkje fan Gytsjerk grutsk njonken inoar te pronkjen. Pas sûnt koart wer, trouwens. Want se wiene nei sa'n 250 jier wol oan in èchte restauraasje ta en dy ha se koartlyn ek hân. It Buro bewûndere it einrisseltaat mei tsjerkfâd Sjolle Wieringa en amateur-histoarikus Jan van der Zwaag.

    De persoanlike driuwfearren fan Alex Bonnema

    Dit wykein is de dokumintêre oer Caparis op de telefyzje. Juster by de NPO en fannemiddei by ús sels.

    Direkteur fan Caparis is Alex Bonnema. Hy komt yn de dokumintêre wiidweidich oan it wurd en as't dat sjochst en hearst dan bekrûpt dy al it gefoel dat dizze man folle mear te fertellen hat. Hy is tige belutsen by de 2200 minsken dy't by Caparis wurkje en beneidrukt dat ek. In petear mei him oer syn persoanlike driuwfearren.

    Yn Memoriam: Joke Buruma

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Joke Buruma.

    it wikeoersjoch

    In persoanlike blik op de ôfrûne wike fan presintator Geartsje de Vries

    It nijsfoarum mei Aukje de Vries, Sietse Schukking en Rieks Osinga

    It nijsfoarum diskusearret oer it nijs fan de ôfrûne wike. Dizze wike skowe oan:

    Aukje de Vries, 2e keamerlid foar de VVD

    Sietse Schukking, listlûker fan Natuurlijk Fryslân

    Rieks Osinga, bestjoerskundige 

    De ûnderwerpen dy't op tafel komme:

    - de FNP yn de Fryske Marren en de sânwinning yn de Iselmar

    - Youth 4 climate, de klimaatdemonstraasje fan de jongerein

    11:09 - Mary J. Blige & George Michael - As
    11:23 - Sake - Suderplein
    11:43 - One More Time - Highland
    12:07 - Van Morrison - Have I Told You Lately
    12:16 - Eddy Dykstra - De Frijheid

    Programma presentator: 
    Geartsje de Vries

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)