Buro de Vries fan 1 septimber 2019 11:00

    Buro de Vries wie twa oeren te gast yn Easternijtsjerk om in byld fan dit ûndernimmende doarp yn Noardeast-Fryslân te krijen. Oan tafel fertelden Dieta Holwerda en Dries Faber oer it doarp en syn bewenners, doarpshistoarikus Reinder Tolsma fertelde oer de skiednis en op it hôf oer immen dy't dêr lizze moatten hie, mar dochs net leit.
    Yme Meirink is MR-lid fan de doarpsskoalle en fertelde oer de nijbouplannen. Theunis Linthof is foarsitter fan Ropta Boys, dat ien fan de grutste fuotbalklups yn Noardeast-Fryslân blykt te wêzen. Foarstitter Sanne Faber fan Brassband UDI fertelde grutsk oer dizze libbene muzykferiening en gasthear André Beeksma, makke melding fan de fernijingsplannen dy't it doarpshûsbestjoer fan 'De Terp' foar de takomst hat. Klaas Jensma liet Aukje de Hoop sjen hoe't yn it doarp âldere wenten en in leechsteand bankgebou wer in nije funksje krigen. Fierder wie Aukje de Hoop noch op tal fan plakken yn it doarp om nijsgjirrige minsken te moetsjen.....

    Doarpshûs 'De Terp'

    It programma wie te gast yn doarpshûs 'De Terp' dat neffens foarsitter Beeksma in wichtige spilfunksje yn it doarp hat. Der wurdt op it stuit troch it bestjoer wurke oan fernijingsplannen.

    B&B Op de Vlakte

    Aukje de Hoop seach yn Bollingwier, dat deun tsjin Easternijtsjerk oan leit, by de B&B fan Else Beishuizen: 'Op de Vlakte'.

    Jongerein yn aksje mei 'drankoargel'

    De jongerein fan Easternijtsjerk hie foar it doarpsfeest fan't simmer in saneamd 'drank-oargel' boud. Dêrmei ha se suksesfol aktsjefierd foar Maarten van der Weijdens' swimtocht.

    Yde van Kammen en syn tinten

    Van Kammen Tenten en Catering is in begryp yn Fryslân en fier dêr bûten.  Yde van Kammen fertelde oer hoe't se yn dit wurk bedarren en hoe't syn soan it no trochset.

    Geart Cuperus en syn motoren

    Geart Cuperus fan Easternijtsjerk hat in spesjale relaasje mei histoaryske race-motoren...

    11:08 - Roberto Jacketti & The Scooters - Get Out In The Sunshine
    11:24 - Avicii Ft. Chris Martin - Heaven
    11:42 - Beatles - Hello Goodbye
    12:08 - Groove Department - New Day
    12:29 - Taylor Swift - You Need To Calm Down

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)