Buro de Vries fan 1 septimber 2013

It giet oer freonskip dizze simmer yn Buro de Vries. Bekende Friezen stelle har bêste freon oan ús foar. Wat betsjut dizze freonskip foar beide. Yn de twadde oere "Friezen thús yn Sweden". Buro de Vries werhellet dizze simmer de moaie rige programma's oer Fryske emigranten yn Sweden.

Freonskip

Yn it earste oere fan it Buro giet it dizze simmer oer freonskip. Bekende Friezen stelle har bêste freon oan ús foar. Hjoed de keatser Cornelis Terpstra en syn maat Karel Nijman.
Cornelis Terpstra (31) wie jierrenlang ien fan de meast talintfolle keatsers fan de provinsje. Yn koarte tiid bestoarme hy de keatsfjilden mei syn opfallende uterlik en lakonike foarkommen. Yn 2002 wûn hy mei syn partoer de PC. Mei troch dizze oerwinning pleatste Terpstra him yn in selekt selskip fan keatsers mei in klaverke fjouwer. Dizze simmer fernuvere hy elk troch in twadde plak op de PC yn Frjentsjer. Syn freonskip mei âld-keatser Karel Nijman (33) is ûntstien út in soart fan sportyf respekt. As jonkjes keatsten se al tsjinelkoar. Dat Cornelis hast altiten wûn makke Karel neat út, want bûten it fjild hiene se in 'klik'. Nei it slimme kitesurf-ûngelok yn 2006 wêrby't Cornelis syn foet swier blessearre, sochten de PC-winners elkoar wer op. It wie útsletten dat Cornelis ea wer op it keatsfjild stean soe, mar Karel hie dêr oare ideeën oer. Wat wie de achterlizzende reden fan Karel om Cornelis as trainer by syn team te heljen? Mei dy fraach yn de achterholle stapte Cornelis it petear yn. In petear dat him op bysûndere wize ûntwikkele ta in djipper ynsjoch yn karakter, passy, betrouwen en wiere freonskip.

Friezen thús yn Sweden

n jier lyn makke it Buro in rûnreis troch Sweden, op syk nei Fryske emigranten. Fansels binne der Friezen oeral op de wrâld te finen, mar binnen Europa is Sweden dochs wol it lân dêr't de measte Nederlanners en dus ek Friezen nei ta ferhúzje. Werom ha se Fryslân ferlitten en in nij thús socht yn Sweden? Wat lûkt har oan it lân? Wêr binne se tsjin oan rûn en wat hat har ferwachtings oertroffen? Koartsein: hat Sweden har brocht wat se ferwachte hienen. Sjoch op ús blog: www.omropfryslan/blog/sweden

De reis levere in sfearfolle rige fan 12 programma's op. In rige dy't wy dizze simmer werhelje.

Buorkje op in bûten

Klaas Ane Jellema en Jacomien Haytema hienen in pleats by Rotstergaast. Se molken 60 kij en koenen net ûndernimme sa't sy dat graach woenen. Fjouwer jier ha se om har hinne sjoen foar't Ugerups Säteri op har paad kaam. In bûten mei mooglikheden. Seis jier lyn kamen se nei Gärds Köpinge mei har fjouwer bern: Allard, Sybrenne, Carsten en Bernice. Op it stuit wurdt der in nije stâl by boud, mei seis melkrobots en plak foar 450 kij. Fierder stean hjir ek 19 hynders; 10 Friezen en 9 KWPN 'ers. Jacomien soe net sûnder har Friezen kinne.

Säteri betsjút 'landgoed'. De buorkerij fan Klaas Ane Jellema en Jacomien Haytema is dan ek net in gewoane pleats. Komst oanriden oer in leane mei oan beide kanten beammen. Oan de ein sjochst in kast fan in hûs (40 by 9 meter en dat trije ferdjippings) Fjouwer wite pilaren en dêrtusken in dûbele trep dy't nei de foardoar liedt. Oan de achterkant in bordes mei prachtich útsjoch op de landerijen. It totale opperflak fan dit, sis mar bûten, is 150 hektare. Op it hiem kin in frachtwein mei oanhinger maklik keare. Grutte skuorren mei muorren fan in meter dik dy't makke binne fan keien.

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)