Buro de Vries fan 1 oktober 2017 11:00

Referindum yn Kataloanië * PvdA'er Sander Terphuis is ek lid wurden fan de Christen Unie * YM Sape Klijnsma * Nijsfoarum mei Sjoerd Galema, Isabelle Diks en Corlienke de Jong * presintaasje: Simone Scheffer

Hoe komt it yn Kataloanië?

Wat bart der hjoed yn Kataloanië? De Katalanen kinne hjoed stimme op it referindum foar ûnôfhinklikheid, mar it nasjonale regear yn Madrid neamt it referindum 'yllegaal' en wol it referindum blokkeare litte troch de Guardia Civil. Buro De Vries praat hjiroer mei twa Friezen-om-utens yn Kataloanië, Marijn Bouma en Fedde Huistra en mei minderhedespesjalist Onno Falkena. De Fryske free-lance sjoernalist Sybrand Grasdijk is yn Barcelona op ien fan de stimburo's dêr't noch wol stimd wurde kin. 

PvdA'er en ek lid fan de ChristenUnie

Sander Terphuis is in foaroansteande PvdA'er. Mar hy is ek lid wurden fan de ChristenUnie. Wêrom? 

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Sape Klijnsma.

Nijsfoarum mei Isabelle Diks, Corlienke de Jong en Sjoerd Galema.

11:09 - Freddie Mercury & Montserrat Caballé - Barcelona
11:33 - Vanvelzen - Baby Get Higher
11:45 - Gloria Gaynor - Never Can Say Goodbye


12:08 - Michael Jackson - Billy Jean
12:16 - Wind Earth & Fire - Sunday Morning

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)