Buro de Vries fan 1 novimber 2020 11:00

    Yn Buro de Vries te gast Lodewijk Asscher. De listlûker fan de PvdA foar de Twadde Keamerferkiezings presinteart sneintemiddei it ferkiezingsprogram op It Hearrenfean. Yn it Buro in sneak preview. En in reportaazje oer pleechsoarch. We binnne op besite by Amir en syn pleechâlders.

    "Amir is in ferriking foar ús gesin"

    Ryk of earm, tegearre of allinne, homo of hetero: elkenien kin yn prinsipe pleechâlder wurde. Wat telt is dat jo in bern struktuer, waarmte en feiligens jaan kinne.

    Sa stiet it op de webside fan Jeugdhelp Fryslân as it giet oer pleechsoarch. Hast elkenien kin pleechâlder wurde en dochs binne der lang net genoch pleechâlders. Om omtinken te freegjen foar dat probleem wurdt al in pear jier de wike fan de pleechsoarch organisearre. Dy is ôfrûne woansdei begûn en duorret noch oant en mei tiisdei.

    Foar it Buro in moaie oanlieding om ris út te sykjen hoe't dat no wurket yn de praktyk. We giene nei Goutum, dêr't de 13-jierrige Amir hielendal opnommen is yn it gesin fan Gerwin en Minke van Dam:

    Lodewijk Asscher te gast

    Lodewijk Asscher oer de Lelylijn, It Waadgebiet en de feangreidegebieten. En hoe tinkt hy wer oanhang werom te winnen?

    It nijsfoarum

    Yn it nijsfoarum diskusearje skiedend steatelid Rinie van der Zanden, de nûmer 2 op de list foar de nije politike partij BoerBurgerBeweging Femke Wiersma en sjoernalist fan Omrop Fryslân Gerrit de boer oer de aktualiteiten fan de ôfrûne wike.

    It wike oersjoch

    It nijs fan de ôfrûne wike troch de eagen fan presintator Simone Scheffer

    11:08 - Eric Clapton - Circus
    11:25 - Bert Hadders En De Nozems - Beloofde Laand
    11:52 - Van Wieren & Yvonne Bleize - Ien

    Programma presentator: 
    Simone Scheffer

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (Advertinsje)