Buro de Vries fan 1 maart 2015 11:00

* Aaisykje, mar dan oars * Yn Memoriam: Grietsje Koopmans * Fryske foarnammen dy't útstjerre * Sjouke Lousma ûnderweis * kollum Gerrit Breeuwsma * In jûn op 'en paad mei skriuwer/dichter Nyk de Vries

Aaisykje, mar dan oars

It is hjoed 1 maart. De maitiid komt der oan! Foar is soad Friezen jokket it dan. Se wolle it fjild yn. Ljipaaisykje. Mar dit jier is alles oars, want der meie gjin aaien meinaam wurde. Hoe fielt dat by de echte aaisikers en hoe gean se om mei dat ferbod. En mei de neisoarch?
Efter Himmelum, yn it fjild by De Morra, troffen we Peter Kerkstra en Michel van der Goot....

Yn Memoriam: Grietsje Koopman (sersjant Maggie)

Buro de Vries fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed it bysûndere libbensferhaal fan Grietsje Koopmans fan Langwar, dy't letter sersjant Maggie waard yn it Amerikaanske leger.

Fryske foarnammen dy't útstjerre

Bern ferneame wurdt sa stadichoan in seldsumheid.
Nammen as Frietske en Froatsje, Hikke, Oktjen en Wolke komme hieltiten minder foar.
Aly van der Mark fan Hurdegaryp sammelet al jierren rouadvertinsjes mei Fryske foarnammen.
Alle dagen pluzet se de advertinsjes troch op syk nei útstjerrende Fryske foarnammen.
It boekje "de lêste Hikke" is te krijen by de Friese Pers Boekerij Noordboek. Online bestelle kin op www.noordboek.nl

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma is alle wiken op 'en paad. Dizze kear strykt er del yn De Westereen, op in rommelmerk.

Nyk de Vries yn Amsterdam

De Fryske dichter en skriuwer Nyk de Vries makket geregeld bydragen foar Buro de Vries, mar hoe sjocht syn libben yn Amsterdam d’r no út? Hy ferhuze sa’n trije jier lyn nei de haadstêd, om dêr in plakje te feroverjen yn de literêre wrâld. En dat slagget aardich. Ferslachjouwer Botte Jellema folge Nyk by in optreden by de útrikking fan in priis foar koarte ferhalen yn Amsterdam.

Kollum Gerrit Breeuwsma

Untwikkelingspsycholooch Gerrit Breeuwsma fan de Grinzer Ryksuniversiteit.

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)