Buro de Vries fan 1 juny 2014 11:00

    Agrarysk Natoerbehear * Fryske design meubels: Fristho * Grûnlizzer fan boarterstunen yn Nederlân: Uilke Jans Klaren * kollum Carolien Roodvoets * YM * Underweis * Nyk de Vries

    Agrarysk natoerbehear ûnder fjoer

    • Agrarysk natoerbehear ûnder fjoer

    It agrarysk natoerbehear leit ûnder fjoer. Der giet foar miljoenen oan fergoedings nei boeren, dy't troch it brûken fan dong en gif de natoer oantaaste, yn stee fan natoerlik behearre. Dit lûd komt fan de 'Raad voor Leefomgeving en Infrastructuur', dy't ek steatsiktaris Sharon Dijksma advisearret. De konlúzje fan dizze rie wie sels dat it agrarysk natoerbehear útrûn is op in fiasko!
    It Buro luts de learzens oan en seach mei Andries Halbesma, dy't buorket tusken Damwâld en Rinsumageast, hoe't hy dat docht; agrarysk natoer beheare.

    YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    • YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Jeltsje Kingma.

    Meubeldesign út Frjentsjer

    • Meubeldesign út Frjentsjer

    Fan 7 juny oant 15 septimber kin je op fjouwer lokaasjes yn de provinsje smulle fan útstallings oer 'Frysk Design'. Yn de jierren 1945 oant 1975 spile Fryslân in opfallende rol yn de nasjonale en ynternasjonale wrâld fan meubelûntwerpen. In tal foarútstribjende fabriken en ûntwerpers spilen yn op de populariteit fan it Skandinavyske design en op de styl fan it "mid century modern". Ien fan har wie Fristho yn Frjentsjer. Yn 2011 makken we in reportaazje oer har meubels dy't no tige populêr binne by samlers.

    De útstallings binne fan 7 juny ôf te sjen yn Noardwâlde, Frjentsjer, Ljouwert en op 'e Jouwer. Mear ynformaasje kin jo fine op www.friesdesign.com.

    Sjouke Lousma ûnderweis

    • Sjouke Lousma ûnderweis

    Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út.

    De miening fan Carolien Roodvoets

    • De miening fan Carolien Roodvoets

    Alle snein yn it Buro in kollum, hjoed fersoarge troch relaasjeterapeute Carolien Roodvoets. www.carolienroodvoets.nl

    De boarterstún fan 'Vader Klaren'

    • De boarterstún fan 'Vader Klaren'

    Uilke Jans Klaren is de grûnlizzer fan de Nederlânske boarterstunen. Nei in lange striid mei de gemeente Amsterdam waard yn 1902 de "Oosterspeeltuin" dêr iepene. Dizze feriening soe model stean foar alle lettere tunen yn Nederlân. Foar syn wurk hat Klaren yn 1930 de sulveren earemedalje fan de stêd Amsterdam krigen, en yn 1940 waard yn de earste boarterstún in plakette mei syn ôfbylding ûntbleate. En je kinne yn Amsterdam de U.J. Klarenstjitte fine. Uilke Jans Klaren ferstoar yn 1947 en is 95 jier wurden.
    We folgje it spoar werom fan dizze sosjaal belutsen Fries dy't letter "Vader Klaren" neamd waard.

    De minút fan Nyk

    • De minút fan Nyk

    Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsjes fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. http://www.nykdev.nl/

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)