Buro de Vries fan 1 july 2018 11:00

* Sliepe yn de tsjerke fan Swichum * By de lêzing fan Jan Rotmans yn Garyp * YM * Oersjoch fan de wike * Nijsfoarum mei Harry van der Molen, Isabelle Diks en .............
Presintaasje René Koster.

Jan Rotmans

  • By de lêzing fan Jan Rotmans yn Garyp

"We leven niet in een tijdperk van verandering, maar in verandering van tijdperk" neffens klimaatspesjalist Jan Rotmans. Rotmans is heechlearaar transysjekunde en duorsumheid. Hy spruts dizze wike op de simmerbuorrel fan de organisaasjes Circulair Friesland en Fossylfrij Fryslân. It Buro wie der ek by. 
www.janrotmans.nl.

Sliepe yn 'e tsjerke: "Elts healoere sloech de klok"

  • De susters Kalsbeek ha in nachtsje sliept yn de tsjerke fan Swichum

Sliepe yn 'e tsjerke. It kin. Spesjaal foar pilgrims, mar ek minsken dy't lid binne fan Alde Fryske Tsjerken, kinne in nacht yn ien fan de tolve dielnimmende tsjerken sliepe. Doe't Joukje Kalsbeek fan dizze mooglikheid hearde belle se fuort har suster op. Dizze wike wie it safier, de 85-jierrge Joukje Annema-Kalsbeek en de sawat 90-jierrige Rigtje de Groot-Kalsbeek sliepten in nacht yn de tsjerke fan Swichum. It Buro socht se de oare moarns op.  

https://www.santiago.nl/cllwad-RefugioFrieseKerken

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

  • YM Eise Bosma

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Eise Bosma fan De Jouwer.

Oersjoch fan de wike

  • Oersjoch fan de wike

Makke troch René Koster.

Nijsfoarum mei Harry van der Molen, Isabelle Diks en ................

  • Nijsfoarum mei Harry van der Molen, Isabelle Diks en Jenny Douwes

Harry van der Molen - Twadde Keamerlid CDA

Isabella Diks - Twadde Keamerlid GroenLinks

11:08 - Snow Patrol - Just Say Yes
11:30 - Chef's Special - Nicotine
11:43 - Inez Timmer - Minsk
11:55 - Chris Norman & Suzi Quatro - Stumblin' In
12:05 - Suzanne Vega - Luka
12:14 - Sam Smith - Baby, You Make Me Crazy

Programma presentator: 
René Koster

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)