Buro de Vries fan 1 july 2012

Simmer yn Fryslân!

Dizze simmer sette we yn Buro de Vries alle wiken foet oan wâl op in eilantsje yn ús provinsje. De rubryk Yn Memoriam fiert it libben. En moaie ferhalen yn Sjouke Lousma ûnderweis.

Yn de twadde oere sit it Buro yn Sweden. We sykje Fryske emigranten op. Werom sochten se har lok yn it lân fan 96.000 marren, bosken, elanden en Pippi Langkous?

Eilantsjes yn Fryslân

Dizze simmer sette we yn Buro de Vries alle wiken foet oan wâl op in eilantsje yn ús provinsje. It tilt op fan de eilantsjes yn en om de binnenwetters fan Fryslân. Guon, lykas de Burd bij Grou, binne aardich oan de maat, mar der binne ek eilantsjes net grutter as in pôle. Hjoed nimt wetterman yn ieren en sinen Age Veldboom fan Earnewâld us mei nei de Rengerspôle, In eilantsje tusken Grou en Earnewâld.

We sette foet oan wâl op it avontoere-eilân Rengerspôle

Yn Memoriam: radiodokumint foar ûnbekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Cornelia Zweering

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út.
Fannemoarn is hy op ien oft oare keunstrûte

Kollumn Carolien Roodvoets

Relaasjeterapeut Carolien Roodvoets fersoarget hjoed in kollumn: de foardielen fan in LAT-relaasje.

Sweve tusken Sweden en Fryslân

Ek de famylje Buijs kin Sweden fan har fakânsjes. Rom 6 jier lyn kochten se in simmerhûs yn it gehucht by Sävsjö. Attje wurke yn de gehendikeptesoarch en Marinus wie jurist. Troch it loslitten fan syn netflues koe hy syn wurk net mear goed dwaan. Boppedat wie hy ta oan rêst. Sadwaande besluten se te ferhúzjen nei Sweden foar in bepaalde tiid.

Soan Wouter - dy't in oplieding yn it toerisme die - seach it ek wol sitten, benammen doe't der in kamping yn Sävsjö te keap wie. Dochter Ruth en har man Arjen wienen ek ta oan in nij aventoer. Binnen in pear moanne hienen sy de stap ek set doe't Arjen wurk krije koe as kok yn in hotel. Sjoch ek op www.omropfryslan.nl/blog/sweden

Share this page on:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)