Buro de Vries fan 1 desimber 2019 11:00

    Oer dizze útstjoering is gjin spesifike ynformaasje beskikber. Klik hjir foar programma-ynformaasje

    "Wêrom wurd ik net erkend yn myn gefoelens?"

    De swarte Pitediskusje is dit jier fûler as ea, ek yn Fryslân. Nei de rasistyske sprekkoaren by de wedstryd fan Den Bosch tsjin Excelsior, krige antydiskriminaasjeburo Tûmba yn in wike tiid 30 meldingen fan rasisme, wylst dat der oars sa'n 4 binne. Ien lûd kaam hiel stevich troch: dat fan Sandra Rosa fan De Lemmer. Se is hikke en tein yn Suriname en wennet al 45 jier op 'e Lemmer. Nei in post op Facebook krige se reaksjes dy't har sear diene. Se melde har by Tûmba en se skreau in brief oan boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren. It Buro trof Sandra Rosa op it kantoar fan direkteur Mirka Antolovic fan Tûmba.

    Sirkulêre Enerzjy: in twadde libben foar stikkene fytsakku's

    Duorsumens liket wol ìt koadewurd foar dizze tiid. Wa't no net yn de transysje sit nei duorsumens, op hokker mêd dan ek, mist dalik de boat. Buro de Vries bringt dêrom in rige mei eftergrûnen by in soad inisjativen út Fryslân. Hjoed giet it Buro op besite by Roelof Kingma yn Kollum. Kingma hâldt him dwaande mei Sirkulêre Enerzjy. It komt der op del dat hy ôfskreaune akku's fan elektryske fytsen in twadde libben jout yn saneamde home battery's. Dat binne gearstalde akkubakken dêr't hûshâldens enerzjy yn opslaan kinne, dy't se sels opwekje mei bygelyks sinnepanielen, wynmûnen of in kombinaasje fan dy twa. Op elk winske momint kin dy stroom brûkt wurde, ek as it tsjuster is en wynstil...

    It oersjoch fan de wike

    Wat wie dit foar in wike? Hjoed in persoanlike weromblik fan René Koster....

    Nijsfoarum 01-12-19

    Hjoed te gast:

    * Anne-Goaitske Breteler, publisist en korrespondint Binnenland-Buitengebied
    * Lutz Jacobi, fraksjefoarsitter PvdA-Ljouwert en direkteur Waadferiening
    * Maarten Goudswaard fraksjefoarsitter Forum voor Democratie yn de Fryske Steaten

    Yn Memoriam

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Ditkear is dat Sipke Steenstra.

    12:09 - Billy Ray Cyrus - Achy Breaky Heart
    12:16 - Niall Horan - Nice To Meet Ya

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)